De Stifting Doarpsargyf Noardwâlde (DAN) is de histoaryske feriening fan Noardwâlde dy't op 8 jannewaris 1999 oprjochte waard. Twa kear jiers ferskynt it tydskrift 'De Twiegsnieder'.

DAN hat twa doelstellings: garjen en oarderjen fan histoaryske materialen (foto's, films, akten, kaarten, ferieningsargiven, ensfh.) om sa de skiednis fan Noardwâlde en omkriten sekuerder te dokumintearjen. materiaal tagonklik meitsje foar it grutte publyk.

Aktiviteiten Sneupersdei: twa kear yn it jier kinne bygelyks fotoboeken en histoaryske kaarten en nije oanwinsten yn it Kompanjonshûs oanbean wurde. Skiednis fan Noardwâlde, alle jierren in koarte kursus oer de lokale skiednis. Publikaasjes, fan it DAN-materiaal om de kennis fan de skiednis fan Noardwâlde te fergrutsjen.

Kategory:Noardwâlde Kategory:Argyf yn Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1999