Kartûm (Arabysk al-Khartûm: الخرطوم, betsjut "oaljefanteslurf") is de haadstêd fan Sûdan. Kartûm leit op it plak dêr't de Blauwe Nyl, út Etioopje, en de Wite Nyl, fanút Uganda byinoarkomme. As Nyl rint de rivier dan fierder troch Egypte nei de Middellânske See.
Kartûm hat goed 2 miljoen ynwenners en foarmet mei Kartûm-Noard (al-Khartûm Bahrî) en Omdurman (Umm Durmân) in metropoal dy't mear as 10 miljoen ynwenners telt. De stêd hat in ynternasjonale lofthaven (Lofthaven Kartûm).
Ut de skiednis Kartûm waard troch de Egyptenaren yn 1823 stifte en waard yn 1830 útroppen ta haadstêd fan Egyptysk Sûdan. De delsetting tsjinne yn it earstoan as bûtenpost foar it Egyptyske leger, mar groeide rillegau út ta in regionaal hannelssintrum en ek in sintrum foar de slavehannel.
Yn 1956 waard Kartûm haadstêd fan it nije ûnôfhinklike Sûdan.
De earste oaljepiipline tusken Kartûm en Port Sudan wie klear yn 1977.
thumb|200px|Drok ferkear yn Kartûm Yndustry De yndustry levert produkten sa as tekstyl, keunstdong, metaalguod, sementprodukten en fiedings- en genietmiddelen.
Partnerstêden Sint-Petersburch, Ruslân Asmara, Eritrea Amman, Jordaanje Kaïro, Egypte border|link=|19px Istanbûl, Turkije border|link=|19px Ankara, Turkije Wuhan, Folksrepublyk Sina
Demografy thumb|Agglomeraasje Kartûm Jier Ynwennertal Stêd Agglomeraasje 1956 93.100 245.800 1973 333.906 748.300 1983 476.218 1.340.646 1993 947.483 2.919.773 2007 2.207.794 8.363.915
Berne yn kartûm Mohammed Naguib (20 febrewaris 1901), presidint fan Egypte († 1984)
Kategory:Plak yn Sûdan Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak stifte yn 1823
