Bangkok (Taisk: กรุงเทพมหานคร, Krung Thep) is de haadstêd en teffens grutste stêd fan Tailân. De befolking fan de hiele agglomeraasje wurdt rûsd op sa'n 13-15 miljoen ynwenners. De stêd leit op de eastlike ouwer fan de Menam (Chao Phraya-rivier), ticht by de Golf fan Tailân.
Langste plaknamme De folsleine seremoanjele namme fan Krung Thep is: Krung Thep Mahanakhon Amon Rattanakosin Mahinthara Ayuthaya Mahadilok Phop Noppharat Ratchathani Burirom Udomratchaniwet Mahasathan Amon Piman Awatan Sathit Sakkathattiya Witsanukam Prasit, Wat Phra Kaew
Dat betsjut:
'De stêd fan ingelen, de grutte stêd, it wenplak fan de Smaragdgriene Boeda, de ûntrochlitbere stêd (oars as Ayutthaya) fan de god Indra, de grutte haadstêd fan de wrâld dy't mei njoggen kostbere edelstiennen bejeftige is, de lokkige stêd, ryk oan in enoarm Keninklik Paleis dat liket op it himelske wenplak dêr't de reïncarnearre god regearet, in stêd dy't troch Indra jûn is en dy't troch Vishnukarn boud is'.
Krung Thep hat it wrâldrekord langste plaknamme.
Eveneminten Oan 'e ein fan 'e hjerst wurdt yn Bangkok elts jier it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok holden.
Demografy Bangkok hat in grut ferskaat oan befolkingsgroepen. Neist Tai út alle dielen fan it lân, wenje dêr in soad Sinezen, ymmigranten út Yndia en in protte expatriates. Datum Ynwennertal 1880 255.000 1910 365.000 1 april 1919 437.294 15 july 1929 713.384 23 maaie 1937 890.453 25 april 1947 1.178.881 Datum Ynwennertal 25 april 1960 2.136.435 1 april 1970 3.077.361 1 april 1980 4.697.071 1 april 1990 5.882.411 1 april 2000 6.320.174 1 jannewaris 2005 6.642.566 1 july 2007 8.160.522
Keppeling om utens Offisjele toeristewebside
Kategory:Haadstêd yn Aazje Kategory:Plak yn Tailân Kategory:Plak stifte yn de 15e iuw