thumb|Vahina Giocante yn Cannes 2009
Vahina Giocante (Pithiviers, 30 juny 1981) is in Frânske aktrise.
Filmrollen As Marie yn Marie Baie des Anges (1998), heart sy by in groep jonge swalkers dy’t belutsen reitsje yn leafde, haat en geweld oan de Frânske Riviêra.
Yn de film Lila dit ca spilet Giocante in 'tsiender' dy’t mei har muoike yn in rûge (Arabyske) wyk fan Marseille wennet. In kritikus fan de New York Times fergelike har mei Brigitte Bardot yn And God Created Woman: a femme more vitale than fatale.
Kritikus A.O. Scott mient dat Giocante har kombinaasje fan ûnskuldichheid en it witten fan har frouwêzen frijwat oerweldigjend is. Lykwols meitsje har garisme en Doueiri's styl fan filmjen dat Lila Says in moaie kombinaasje fan romantyk en ierdskens hat. De film waard ôflaat fan in roman út 1996 fan in anonime skriuwer.
Persoanlik Sy waard berne ûnder Orléans en besocht it Paul-Cézannelyseum yn Aix-en-Provence; earder dûnse sy ek by de Opera fan Marseille. Vahina hat ferkearing mei de ferneamde ûntwerper Ora-Ïto.
Kar-út filmografy Andersen Falls Mata Hari - Mata Hari (telefyzjerige, 2017) Un prince (presque) charmant - Marie (2013) 30 Beats - Kim (2011) La blonde aux seins nus (2010) Le Premier Cercle (2009) — Elodie Secret Défense (2008) — (Diane / Lisa) 99 Francs (2007) — (Sophie) A Curtain Raiser (2006) Rosette U (2006) — (voice) Riviera (2005) — Stella Nuit noire, 17 octobre 1961 (2005) (TV) — Marie-Hélène Lila dit ça (2004) — Lila Cadeau d'Éléna, Le (2004) — Marie Maigret: Les petits cochons sans queue (2004) (TV) — Germaine Leblanc Blueberry: L'expérience secrète (2004) — Madeleine Intermittenze del cuore, Le (2003) — in jonge Fiametta Soldiers of Salamina (2003) — sosjaal-assistinte yn Dijon Vivante (2002) — Claire "Algérie des chimères, L'" (2001) (mini) TV Series — Jeanne 20 jier Bella ciao (2001) — Bianca Fantômes de Louba, Les (2001) — Jeannie as tsiender Libertin, Le (2000) — Angélique Diderot Pas de scandale ("Keep It Quiet" / "No Scandal") (1999) — Stéphanie Voleur de vie (1998) — Sigga Marie Baie des Anges'' (1997) — Marie
Keppeling om utens Unoffisjele webside oer Vahina Giocante
Kategory:Frânsk filmakteur Kategory:Frânsk persoan fan Korsikaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Persoan fan Andalûsysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1981