De Aeltsjemar (ek wol Aaltsjemar) en Warkumermar binne bysûndere drûchmakkerijen yn it westen fan Fryslân de Aeltsjemar by Ferwâlde en de Warkumermar by Warkum, by elkoar 164 hektare grut.
De feanpolder by Ferwâlde ûntstie om 1644 út de Aaltsjemar. It foarme eartiids de Fallingabuorster- en Aaltsjemarpolder, en hat in eigen wetterskip west. It foarmet tsjintwurdich in mienskiplik natoergebiet mei de Arkumermar. Yn beide polders komme in soad guozzen. It izerhâldende grûnwetter fan de Aaltsjemarpolder komt yn greppels en sleatten nei boppen. Yn de fjilden mei hynsteblom en soere surk briede in soad greidefûgels.
Leechste punt Wêr't yn Fryslân it leechste punt leit, is nea krekt fêststeld. Trochdat de grûn yn beide polders noch ynklinkt is ek net mei wissigens fêst te stellen wat foar altiten it leechst wêze sil. It is in natoergebiet wat as ien polder beheard wurdt troch It Fryske Gea. Lykwols foarmje de twa polders tegearre it leechste lân fan Fryslân, mei likernôch in djipte fan 3m ûnder NAP.Djipte neffens: Visit Friesland.
Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:It Fryske Gea Kategory:Ferwâlde Kategory:Warkum Kategory:Geografy fan Wûnseradiel Kategory:Geografy fan Warkum (gemeente) Kategory:Geografy fan Nijefurd Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân