thumb|100px|"Sekretaris-Generaal fan de Russyske kommunistyske Partij" Jozef Stalin diktator fan de Sovjet-Uny yn 1942 thumb|100px|"Presidint" Aleksandr Loekasjenko diktator fan Wyt-Ruslân (2008) thumb|100px|Führer Adolf Hitler diktator fan Nazi-Dútslân (1933) thumb|100px|Generaal "Gaius" Julius Caesar diktator fan Rome (± 50 f.Kr.) thumb|100px| De "Leafde Lieder" Kim Jong-il diktator fan Noard-Korea (2011) thumb|100px|"Generalísimo" Franco diktator fan Spanje (1959) thumb|100px|"Señor Presidente" Nicolás Maduro diktator fan Fenezuëla (2015) thumb|100px|"Broer Lieder" Moammar al-Qadhafi, earder diktator fan Libië op in gearkomst fan de AU (2009) In diktator is de lieder yn in diktatuer. Hy ferienet yn ien persoan, of yn in lytse kliber om him hinne, alle macht, dat de wetjaande, bestjoerende en útfierende macht fan in lân. It byhearrende eigenskipswurd is diktatoriaal.
Definysjes De term is ôflaat fan de Romeinske diktator dy't yn de tiid fan de Romeinske Republyk yn krisistiden, as kordaat optreden nedich wie, troch de Senaat foar in bepaalde tiid de absolute macht oerlange waard. De Romeinske diktator trede wer ôf as de krisis foarby wie en de senaat syn posysje wer ynnom as wetjouwende macht. Julius Caesar wie net fan doel om syn macht as diktator noch út hannen te jaan en liet him werneame ta dictator "perpetuus" (ivige diktator), dat wol sizze diktator "foar it libben", en wie yn dy sin in moderne diktator krektas syn opfolgers de Romeinske keizers. Ek de "moderne" diktator sil trochstrings nea frijwillich syn macht ôfstean, mar besiket sa lang mooglik yn it seal te sitten en sil him mei alle middels fersette tsjin dejingen dy't him fan syn absolute macht ûntdwaan wolle. It is as sadanich in hearsker dy't regearet lykas in absolút monarch, mar sûnder dynastike basis. Om dy reden stiet de moderne diktator mear yn de tradysje fan de tirannen út de Aldheid as fan de Romeinske diktator.
Yn ingere sin is in diktator ien dy't folsleine en ûnbegrinze allinnichhearskippij hat. Neffens dy definysje ha der net folle echte diktators west, foarbylden dêrfan binne Adolf Hitler en Jozef Stalin. Omdat der mar in pear west hawwe dy't hielendal allinnich alle macht hân hawwe, wurdt mei diktator oer it generaal in persoan bedoeld dy't oan it haad stiet fan in diktatuer, ek as hy net de ienige machthawwer is. In diktatuer wêryn't ien peroan alles foar it sizzen hat wurdt autokrasy neamd. Oare foarmen fan diktatuer binne de militêre diktatuer en de ienpartijsteat. Tsjintwurdich wurde ek absolute monarchen wol diktators neamd.
Faak hat de term diktator de bybetsjutting fan in ûnderdrukkend persoan dy't sûnder genede ôfrekkenet mei oarstinkenden, wêrtroch't de term in sterk negative lading hat. Hast altiten ferriket de moderne diktator himsels en syn famylje en de trouwe klyk om him hinne ûnbidich en wurde de rykdommen fan it lân yn de praktyk as persoanlik eigendom fan de diktator behannele. Dochs hawwe der yn de skiednis diktators west dy't wol as 'ferlichte' diktators beskôge binne; wa't dat binne hinget sterk ôf fan persoanlike politike foarkarren.
Wol of gjin diktator? De skiedsline tusken diktator en demokraat is net altiten like ienfâldich te lûken, bygelyks as immen oan de macht komd is, of bliuwt, troch (werhelle) ferkiezingsfraudelykas in soad diktators dogge om in skyn fan legitimiteit op te hâlden. It is ek mooglik dat in diktator op demokratyske wize oan de macht komt lykas Adolf Hitler, mar dêrnei de demokrasy feroaret yn in diktatuer. Soms is der ek sprake fan in kollektyf dat mienskiplik de macht hat lykas de Argentynske junta yn de jierren 70. Meastal moat in diktator dochs wol rekken hâlde mei machtsstruktueren as it leger of religieuze organisaasjes.
Dêrneist wurde 'diktators' troch harren folgelingen of ûndersteuners yn it bûtenlân net as sadanich betitele. Stalin, dy't offsjeel partijlieder fan de Kommunistyske Partij wie, is pas sa'n tritich jier nei syn dea troch Ruslân "erkend" as diktator en ek de Sineeske kommunist 'foarsitter' Mao Zedong waard yn Sina lang sjoen as foarbyld fan in goede lieder en net as diktator. Faak neame diktators har eufemistysk 'presidint foar it libben' krektas de Ugandeeske distator Idi Amin.
Ek wurde polityk net-winske lieders graach as diktator ôfskildere, wylst se dochs demokratysk keazen wêze kinne. Slobodan Milosevic waard by de NAFO-aksjes yn 1999 yn de westerse media konsekwint as diktator delsetten, wylst er troch gewoane ferkiezings keazen wie, en ek de steun fan it folk (noch) hie. Opmerklik is wol dat in diktator as Robert Mugabe fan Simbabwe yn de westerske parse noch altiten as 'presidint Robert Mugabe' betitele wurdt.
List fan diktators Net alle histoarisy fine de nammen op ûndersteande list 'typyske' diktators:
Eardere diktators Sani Abacha fan Nigearia (1993-1998) Idi Amin fan Uganda (1971-1979) Ion Antonescu fan Roemeenje (1940-1944) Hafez al-Assad fan Syrje (1971-2000) Hastings Banda fan Malawy Hugo Banzer fan Bolivia Fulgencio Batista fan Kuba Jean-Bédel Bokassa fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk Napoleon Bonaparte fan Frankryk Desi Bouterse fan Suriname Plutarco Elías Calles fan Meksiko Humberto Castello Branco fan Brazylje Fidel Castro fan Kuba (1959-2008) Nicolae Ceauşescu fan Roemeenje Afonso Costa fan Portegal Chiang Kai-Shek fan Sina Chun Doo Hwan fan Súd-Korea Porfirio Díaz fan Meksiko Samuel Doe fan Libearia Engelbert Dollfuss fan Eastenryk François Duvalier (Papa Doc) fan Haïty Jean-Claude Duvalier (Baby Doc) fan Haïty Luis Echeverría fan Meksiko Étienne Eyadéma fan Togo Francisco Franco fan Spanje Moammar al-Qadhafi fan Lybje (1969-2011) Gheorghe Gheorghiu-Dej fan Roemeenje Juan Vicente Gómez fan Fenezuela Maximiliano Hernández fan El Salvador Adolf Hitler fan Dútslân (1933-1945) Saddam Hoessein fan Irak (1979-2003) Enver Hoxha yn Albaanje (1945-1985) Wojciech Jaruzelski fan Poalen Joseph Kabila fan de Demokratyske Republyk Kongo János Kádár fan Hongarije Kim Il-sung fan Noard-Korea Le Duan fan Fietnam Ferdinand Marcos fan de Filipinen Haile Mariam Menghistu fan Etioopje Ioannis Metaxas fan Grikelân Slobodan Milosevic fan Joegoslaavje Moboetoe Sese Seko fan Zaïre Daniel Arap Moi fan Kenia Benito Mussolini fan Itaalje Ngo Dinh Diem fan Súd-Fjetnam Saparmurad Niazov fan Turkmenistan (1990-2006) Manuel Noriega fan Panama Julius Nyerere fan Tanzania Jorge Videla fan Argentynje Jigme Singye Wangchuck fan Bûtan Mao Zedong fan Sina Todor Zjivkov fan Bulgarije Mohammed Zia-ul-Haq fan Pakistan Omar Bongo fan Gabon sûnt 1967 Sidónio Pais fan Portegal Georgios Papadopoulos fan Grikelân Talaat Pasha fan it Ottomaanske Ryk Konstantin Päts fan Estlân Ante Pavelic fan Kroaasje Marcos Pérez Jiménez fan Fenezuela (1950-1958) Juan Perón fan Argentynje Henri Philippe Pétain fan Frankryk Augusto Pinochet fan Sily Pol Pot fan Kambodja Sitiveni Rabuka fan Fydzjy France Albert Rene fan de Seysjellen Efraín Ríos Montt fan Gûatemala António de Oliveira Salazar fan Portegal Mohammed Siyad Barre fan Somaalje Jozef Stalin fan de Sovjet-Uny (1924-1953) Hadji Muhammad Soeharto fan Yndoneezje Francisco Solano López fan Paraguay de Famylje Somoza fan Nicaragua Alfredo Stroessner fan Paraguay Hideki Tojo fan Japan Rafael Trujillo fan de Dominikaanske Republyk Tito fan Joegoslaavje Getúlio Vargas fan Brazylje </ol>
Hjoeddeiske diktators İlham Əliyev fan Azerbeidzjan sûnt 2003 Bashar al-Assad fan Syrje sûnt 2000 Kim Jong Il fan Noard-Korea sûnt 1994 Robert Mugabe fan Simbabwe sûnt 1980 Islom Karimov fan Oezbekistan sûnt 1990 Teodoro Obiang Nguema fan Ekwatoariaal-Guinea sûnt 1979 Qaboes bin Said Al Said fan Oman sûnt 1970 Omar al-Bashir fan Sûdan sûnt 1993 Paul Biya fan Kameroen sûnt 1982 Than Shwe fan Birma sûnt 1992 Noersoeltan Nasarbajev fan Kazachstan sûnt 1990 Aleksandr Loekasjenko fan Wyt-Ruslân sûnt 1994 </ol>
Sjoch ek Autokrasy Diktator (Rome) Strongman Totalitarisme
Keppeling om utens Diktator van de Moanne- biografyen en byldgaleryen fan wrâlddiktators sûnt 1900 Skiednis fan it diktatorskip
cs:Diktátor