thumb| Frederik Tjaberings (Kalkwyk, 21 july 1892 - Ljouwert, 26 oktober 1967) wie in Nederlânsks boargemaster.
Tjaberings wie in soan fan smid en letter fabryksdirekteur Freerk Tjaberings en Janna Hendrika Maters. Yn 1909 kaam er yn oerheidstsjinst; hy wie ûnder mear amtner op de sekretary yn Appingedam, Rheden en Inkhuzen en gemeentesekretaris fan Andyk. Hy wie boargemaster fan Nieuwolda (1920-1930), Heechtsjerk (1931-1941) en doe fan Wymbritseradiel (1941-1957).Foar in part fan Beeldbank Groningen (ek syn portret) en it artikel d.d. 6 july 1957 yn de Ljouwerter Krante: Burgemeester F. Tjaberings gaat 1 augustus heen Yn 1950 waard er ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn Heechtsjerk waard de Tjaberingsstrjitte nei him ferneamd.
Tjaberings troude op 2 maart 1916 yn Grins mei Lammegien de Boer, dochter fan de feehâlder Lammert de Boer en Jantje Pentinga. Harren soan Freerk Tjaberings wie boargemaster fan Muntendam, Krommenie en Hoarn.
Insidint Yn 1929 krige de gemeente-arts fan Nieuwolda dien. Hy ried lofts op de dyk doe't er tsjin de frou fan boargemaster Tjaberings oanbotste. Yn it trelit dat doe ûntstie joech de dokter de boargemaster in hou oan de kop, dy't weromsloech mei in tsjeakslach. Nei oanlieding fan dit ynsidint besluet de gemeenterie mei algemiene stimmen om de gemeente-arts dien te jaan.Leidsch Dagblad d.d. 26 july 1929
Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn yn 1967