thumb|right|Jessie J yn 2008
Jessica Ellen Cornish, artystenamme Jessie J (Londen, 27 maart 1988), is in Britske singer-songwriter. Sy hat lieten skreaun foar Justin Timberlake, Miley Cyrus, Christina Aguilera en Alicia Keys. Febrewaris 2011 wûn de Critic's choice award op de BRIT Awards 2011. Har debútsingle 'Do it like a dude' waard folge troch 'Price Tag' dêr’t hja tegearre mei rapper B.O.B. oan wurke hat. De single dy’t dêrnei kaam, 'Who you are', hat it ek bêst dien.
Wurkpaad Doe’t Jessie alve jier wie waard sy cast foar in rol yn Andrew Lloyd Webber syn West End-produksje fan Wistle down the wind. Mei 16 jier gong sy studearjen oan de BRIT-skoalle (The London School for Performing Arts & Technology) en doe’t hja 17 wie sette sy útein mei in famkesband. Jessie J hat in ûnregelmjittige hertslach sûnt har 11e en krige op har 18e in lytse beroerte.
Jessie har platemaatskippij wie Gut Records. Sy naam dêr in album op, mar foardat it materiaal frijkaam gie it bedriuw fallyt. Dêrnei waard sy súksesfol as lieteskriuwster. Teffens song hja mei op Cyndi Lauper har Bring Ya To The Brink-omgong yn Ingelân (2008). Jessie har karriêre krige faasje doe’t sy lieten skreaun hie foar artysten sa as Rihanna, Justin Timberlake, Alicia Keys, Christina Aguilera en Miley Cyrus. De grutste single dy’t hja skreau wie it nûmer foar Miley Cyrus, 'Party in the USA'.
Yn 2010 makke Jessie J har solo-debút mei de single 'Do It Like a Dude'; har twadde single 'Price Tag' waard in hit.
Jessie har debútalbum, 'Who you are', waard ein febrewaris 2011 yn it Feriene Keninkryk en yn de Feriene Steaten útbrocht. ‘In dream dy’t útkaam’, hat se dêroer sein.The Graham Norton Show, BBC-telefyzje, 28 febrewaris 2011 Begjin 2011 hat Jessie sein dat hja biseksueel is.
Diskografy Albums: Who You Are (2011) Alive (2013) Sweet Talker (2014) R.O.S.E. (2018) This Christmas Day (2018)
Prizen Jier Organisaasje Priis Resultaat2010BBC Sound of 2011Sound of 2011Wûn2011MTV Brand New 2011Next Big Thing2e 2011BRIT Awards 2011Critic's ChoiceWûn
Keppelings om utens Jessie J kanaal op YouTube Offisjele webside
Kategory:Ingelsk dance-artyst Kategory:Ingelsk R&B-artyst Kategory:Ingelsk soulartyst Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Dielnimmer oan in Britsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Persoan berne yn 1988