thumb|Graham Norton yn 2004 Graham William Walker (Dublin, 4 april 1963)Graham Norton, So Me. Hodder & Stoughton. ISBN 0-340-83348-3, bekend ûnder syn artystenamme Graham Norton, is in Ierske akteur, komyk en telefyzjepresintator.
Hy waard bekend as programmamakker op it Britske Channel 4 en troch syn rol as preester Noel Furlong yn de Ierske telefyzjesearje Father Ted. Hoewol't er mar yn trije ôfleverings te sjen wie, wie er tige populêr by de sjoggers. Nei Channel 4 hat Norton in soad wurk ferset foar de BBC, mei programma's op BBC 1, BBC 2 en BBC Radio 2. By it grutte publyk is er bekend as presintator fan de Graham Norton Show. Norton is ek mei-eigner fan SO Television, de produksjemaatskippij fan syn telefyzjeprogramma's.
Persoanlik thumb|Norton mei hûn yn 2006. Norton makket gjin geheim fan syn homoseksualiteit.AS media studies: the essential introduction Troch Philip Rayner, Peter Wall, Stephen Kruger. Psychology Press.
Norton hat te lijen fan vitiligo, in hûdsykte.Lynn Barber interviews Graham Norton, Guardian 2001-10-28
Yn 1988 waard er oanfallen, yn it boarst stutsen en foar dea op strjitte efterlitten.I was stabbed then left to die by muggers; Graham ferhellet oer terror on street troch Neil Leslie, 1999-05-19
Norton feroarsake striderij op 7 oktober 2006, doe't er ekstasy as "fantastic" oanpriizge.Graham Norton: 'BBC defends Norton drug comments' 2007-11-29; bbc.co.uk, 7 oktober 2006
Prizen 1999: Gaytime awards - Gay Entertainer of the Year 2000: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton 2001: RTS Television Award - Bêste presintator foar So Graham Norton 2001: TRIC Award - TV Persoanlikheid fan it jier 2001: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton 2002: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
Filmografy 1996-1998 Father Ted Pater Noel Furlong Telefyzjerige foar Channel 4 1998-2002 So Graham Norton Presintator 2002-2003 V Graham Norton Presintator 1999 Stargay Graham Solex Film 2001 The Kumars at No. 42 Himsels Telefyzjerige foar BBC 2001 Rex the Runt: Patio Stim fan Osvalde Halitosis Telefyzjerige foar BBC 2001 Rex the Runt: A Crap Day Out Stim fan de planten Telefyzjerige foar BBC 2002 Absolutely Fabulous: Gay Himsels Telefyzjerige foar BBC 2004 NY Graham Norton Presintator 2004-2005 The Graham Norton Effect Presintator 2005- Graham Norton's Bigger Picture Presintator 2005-2007 Strictly Dance Fever Presintator 2006 How Do You Solve A Problem Like Maria? Presintator 2006 My Lovely Audience Presintator 2006 Another Gay Movie Mr. Puckov Film 2006- The Big Finish Presintator 2007 Robbie the Reindeer in Close Encounters of the Herd Kind Kompjûterstim Telefyzjerige foar BBC 2007 Kathy Griffin: My Life on the D-List Himsels Telefyzjerige foar Picture This! Entertainment 2007 Who Do You Think You Are? Himsels Telefyzjerige foar BBC 2007 When Will I Be Famous? Presintator 2007 British Academy Television Awards Presintator 2007 Any Dream Will Do Presintator 2007 Live Earth-konsert yn Londen Presintator 2007 Eurofyzjedûnsfestival 2007 Presintator 2007- The Graham Norton Show Presintator 2008 The One and Only Presintator 2008 I'd Do Anything Presintator 2008 Eurofyzjedûnsfestival 2008 Presintator
Kategory:Iersk komyk Kategory:Iersk telefyzjepresintator Kategory:Iersk filmakteur Kategory:Iersk telefyzje-akteur Kategory:Iersk kollumnist Kategory:BBC-wurknimmer Kategory:Iersk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1963