Sir Christopher Lee (folút: Christopher Frank Carandini Lee; Londen, 27 maaie 1922 – dêre, 7 juny 2015) wie in Ingelsk akteur, skriuwer en sjonger fan mingd Ingelsk-Italjaansk etnysk komôf. Yn syn hast santichjierrich wurkpaad as akteur makke er karriêre troch faak de smjunt te spyljen. Hy krige yn 'e 1950-er jierren bekendheid mei syn fertolkings fan 'e fampier greve Dracula, yn 'e searje fan Hammer Horror-films. Letter spile er de krimineel Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun. Resinter makke er himsels by in hiele nije generaasje filmfans populêr mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman, yn de Lord of the Rings-filmsearje en as greve Dooku yn 'e Star Wars-prequeltrilogy. Lee, dy't sawol yn 'e Winteroarloch as yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten hie, wie dêrnjonken ek aktyf as stimakteur, publisist en hardrock-sjonger.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Lee waard yn 1922 berne yn 'e Londenske wyk Belgravia, as de soan fan Geoffrey Trollope Lee (1879-1941), in luitenant-kolonel yn it Britske leger, en dy syn frou, grevinne Estelle Marie Carandini di Sarzano (1889-1981). Syn heit focht yn 'e Twadde Boere-oarloch en de Earste Wrâldoarloch, wylst syn mem bekendstie om har skientme en ferivige waard troch de keunstskilders sir John Lavery, Oswald Birley en Olive Snell en ek troch de byldhouster Clare Frewen Sheridan. Lee, dy't ôfstamme fan Italjaanske adel, wie in betoerpakesizzer fan greve Francesco Carandini di Sarzano (1773-1839), in balling dy't ûnder de Napoleontyske Oarloggen syn heil yn Ingelân socht. Dy syn skoandochter (en Lee syn oerbeppe) wie de Ingelske operasjongster Marie Carandini (famkesnamme Burgess; 1826-1894). Oan syn heitekant wie Lee yn 'e fierte besibbe oan 'e Amerikaanske generaal Robert E. Lee en oan 'e astronoom John Lee.
Lee hie ien suster, Xandra Carandini Lee (1917-2002). Syn âlden giene útinoar doe't er fjouwer jier wie, en skieden doe't er seis jier wie. Syn mem naam de bern mei nei Switserlân, dêr't Lee yn Wengen op skoalle kaam. It wie dêr dat er syn earste aktearûnderfining opdie, as Oegemantsje yn it mearke mei deselde namme. Nei harren weromkear yn Londen wertroude Lee syn mem mei de bankier Harcourt George St-Croix Rose, de omke fan Ian Fleming (de geastlike heit fan geheim agint James Bond).
Mei njoggen jier waard Lee nei in ynternaat yn Oxford stjoerd, om him klear te steamen foar de prestizjeuze priveeskoalle fan Eton. Hoewol't Lee dêr yndie in talittingseksamen foar ôflei, koed er troch syn minne skoare op it mêd fan wiskunde gjin stúdzjebeurs besette. Om't syn styfheit net ree wie om 'e hege kosten fan in oplieding yn Eton te beteljen, learde Lee ynstee fierder oan it Wellington Kolleezje, in minder prestizjeuze priveeskoalle, dêr't er him ûnderskate yn 'e stúdzje fan 'e klassiken, Latyn en Gryksk. Oan 'e oare kant wied er net goed yn sport, en briek er gauris mei sin de regels, wat him faak op in wan bruien kaam te stean (ynklusyf ien kear foar it feit dat er te faak in wan bruien krige). Mei santjin jier moast er yn 1939 syn stúdzje oan it Wellington Kolleezje in jier foartidich ôfbrekke doe't syn styfheit fallyt gie. Koarte tiid letter skiede syn mem fan syn styfheit, en moasten Lee en syn suster wurk sykje om harsels te ûnderhâlden. Hy fûn in baantsje as klerk op it kantoar fan 'e rederij United States Lines, dat er lykwols mar koart hold.
Militêre tsjinst Doe't de Sovjet-Uny ein 1939 Finlân binnenfoel en de Winteroarloch útbriek, reizge Lee nei Skandinaavje om as frijwilliger tsjinst te nimmen yn it Finske Leger. Hy en oare Britske frijwilligers waarden op in feilige ôfstân fan it front ynset foar bewekking, dat Lee naam nea diel oan 'e gefjochten. Nei't er weromkeard wie nei syn heitelân, koed er fannijs oan it wurk by United States Lines. Yn 'e rin fan 1940 joech er him by de Home Guard, de Britske boargerwacht. Nei it ferstjerren fan syn heit, op 12 maart 1941, dy't wollen hie dat syn soan krekt as hysels yn 'e Britske lânmacht tsjinne, melde Lee him ynstee oan by de loftmacht, de Royal Air Force.
Fan de simmer fan 1941 ôf wied er earst in hoart stasjonearre yn Súd-Rodeezje, it tsjintwurdige Simbabwe, dêr't er syn oplieding ta piloat ôfmeitsje soe. Op syn ien nei lêste trainingsflecht waard er lykwols oerfallen troch pineholle en begûn er dûbeld te sjen, wêrnei't by him in ôfwiking oan 'e eachsenuw fêststeld waard dy't makke dat er nea wer sels fleane meie soe. Foar Lee, dy't alhiel ferslingere rekke wie oan fleanen, kaam dat nijs as in slimmen klap, en in skoft lang hong er mar wat doelleas om. Uteinlik dreau syn wil om wat konstruktyfs te dwaan him derta dat er him oanmelde by de ynljochtingedifyzje fan 'e RAF.
Nei stasjonearrings yn Salisbury (no Harare), it Súdafrikaanske Durban en it Egyptyske Suëz, waard er ynset yn 'e Noardafrikaanske Kampanje, wêryn't de Britten en harren bûnsgenoaten it opnamen tsjin it Afrikakorps fan 'e Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel. Yn it lêst fan dy fjildtocht, yn Tuneezje, kaam Lee hast om doe't it fleanfjild fan it squadron dêr't er oan tafoege wie, bombardearre waard. Neitiid naam er diel oan 'e Alliëarde ferovering fan Sisylje, dêr't er malaria oprûn, en letter wied er belutsen by de Alliëarde ynfaazje fan Itaalje, dêr't er ûnder de slepende Slach om Monte Cassino taheakke waard oan 'e Nepaleeske Goerka's fan 'e Britsk-Yndyske 8ste Ynfanterydifyzje. Doe't er in pear dagen mei ferlof wie yn Napels, beklom er de fulkaan de Fesuvius, dy't trije dagen dêrnei útbarste.
Under de lêste dagen fan 'e Slach om Monte Cassino ûntsnapte Lee op 'e nij oan 'e dea doe't ien fan 'e fleantugen fan syn squadron by it opstiigjen delstoarte, en hy delknoffele boppe-op in op skerp steande bom. Nei ôfrin fan 'e slach, dy't útrûn op 'e befrijing fan Rome, besocht Lee dy stêd, dêr't er in moeting hie mei Nicolò Carandini, in neef fan syn memmes, dy't yn it Italjaanske ferset fochten hie. De lêste trijefearns jier fan 'e oarloch brocht Lee yn noardlik Itaalje troch. Nei eigen sizzen tsjinne er yn syn tiid yn Noard-Afrika ek in hoart by it Special Operations Executive (SOE) en de Long Range Desert Patrol, de foarrinner fan 'e hjoeddeiske kommando-ienheid SAS, mar dêroer hat er nea details jaan wold. Nei de Alliëarde oerwinning wied er fanwegen it feit dat er floeiend Frânsk en Dútsk spriek, belutsen by de opspoaring fan nazy-oarlochsmisdiedigers, oant er yn 1946 ôfswaaide mei de rang fan flight lieutenant (ekwifalint mei de rang fan kaptein yn 'e Keninklike Loftmacht).
Aktearkarriêre Nei't er weromkeard wie nei Londen, koe Lee himsels net mear as kantoarklerk sjen, en in oanbod om 'e klassiken te ûnderwizen sloech er ôf om't er syn Latyn te roastich fûn. Uteinlik wie it syn efterneef Nicolò Carandini, dy't tsjin dy tiid de nije Italjaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk wurden wie, dy't him oanrette om akteur te wurden. Carandini stjoerde him nei syn freon Filippo del Giudice, it haad fan 'e filmstudio Two Cities Films, en dy bea Lee in sânjierrich kontrakt oan. Lee makke syn debút as filmakteur yn 'e Goatyske românse Corridor of Mirrors, út 1947, dêr't er wolteld ien regel tekst yn hie. Syn "tiid as learjonge", sa't er it letter sels neamde, duorre tsien jier, wêryn't er meast ûnderstypjende rollen en eftergrûnpersonaazjes spile. Sa wie Lee û.m. te sjen (faak sûnder yn 'e begjintitels neamd te wurden) yn ferneamde films as Hamlet (1948), Captain Horatio Hornblower R.N. (1951), Quo Vadis? (1951) en Moulin Rouge (1952).
Yn 1957 spile Lee foar it earst yn in film foar de studio Hammer Film Productions, te witten The Curse of Frankenstein, as it Meunster fan Frankenstein. Dy rol late derta dat him in jier letter yn 'e film Dracula de titelrol oanbean waard. Dat wie sa'n súkses dat er neitiid almar wer yn deselde rol cast waard. Sa fertolke er de fampier greve Dracula yn 1965 op 'e nij yn Dracula: Prince of Darkness. Yn dy film seit Lee gjin wurd, mar sizet er allinnich mar. Sels woed er hawwe dat de tekst dy't foar him skreaun wie, fan sa'n minne kwaliteit wie dat er wegere hie om dy út te sprekken, mar senarioskriuwer Jimmy Sangster bewearde dat it skript nea tekst foar it personaazje fan Dracula omfetten hie. Lee sei ek dat Hammer him suver "sjantearre" om neitiid noch yn fierdere Dracula-films te spyljen, troch op him yn te praten en him foar te rekkenjen hoefolle minsken oft wurkleas wurde soene as hy, de stjer fan 'e filmrige, opstapte. Yn Dracula Has Risen from the Grave (1968), Taste the Blood of Dracula (1969) en Scars of Dracula (1970) hie Lee op 'e nij frijwol gjin tekst en ek los dêrfan net folle omhâns. Hy klage: "Se joegen my neat om te dwaan! Ik smeekte Hammer suver om my in diel fan 'e tekst brûke te litten dy't Bram Stoker skreaun hie. Ut en troch wist ik der sa'n tekstregel yn te smokkeljen." Nettsjinsteande Lee syn ûntefredenens wiene de films kommersjeel grutte súksessen, en makken se him ta in wiere filmstjer.
Tsjin 'e iere 1970-er jierren rekke de formule lykwols útwurke, en de beide foarlêste films fan 'e searje, Dracula A.D. 1972 (1972) en The Satanic Rites of Dracula (1973), brochten net folle jild mear yn 't laadsje. Tsjin dy tiid wie Lee sa dwers wurden dat er him op parsekonferinsjes iepentlik tsjin Hammer kearde. Neitiid makke de studio noch ien Dracula-film, The Legend of the 7 Golden Vampires (1974), mar dêr waard Lee net mear foar frege. Oare films dêr't Lee yn 'e 1950-er en 1960-er jierren yn meispile, wiene bgl. The Mummy (1959) en Raputin, the Mad Monk (1966), wêryn't er de titelrol fan Grigorij Raspûtin hie. Teffens died er trije Sherlock Holmes-ferfilmings: The Hound of the Baskervilles (1959), as sir Henry Baskerville, Sherlock Holmes and the Deadly Necklace (1962), as de grutte privee-detektive sels, en The Private Life of Sherlock Holmes (1970), as Holmes syn sels noch skranderder broer Mycroft. Teffens hied er in haadrol yn 'e Dútske (en Dútsktalige) film Das Rätsel der Roten Orchidee (1962). Hy die audysje foar The Longest Day (1962), oer de Alliëarde lânings op 'e kust fan Normanje op D-Day, mar waard dêrfoar ôfwiisd om't er "der net útseach as in militêr".