De Olympyske Simmerspullen 1908, ek wol de IVe Olympiade neamd waarden yn 1908 yn Londen, Grut-Brittanje hâlden.

Medaljespegel 1 Grut-Brittanje 56 51 39 146 2 Feriene Steaten 23 12 12 47 3 Sweden 8 6 11 25 4 Frankryk 5 5 9 19 5 Dútslân 3 5 5 13 6 Hongarije 3 4 2 9 7 Kanada 3 3 10 16 8 Noarwegen 2 3 3 8 9 Itaalje 2 2 0 4 10 Belgje 1 5 2 8

White City Stadion thumb|200 px|rechts|It White City Stadion fan Londen, mei atletykbaan, swimbad, dûktoer, en hurdfytsbaan.

De spullen hiene in tige koarte tarieding, dat kaam trochdat de Spullen earst yn Rome hâlden wurde soene. It gie net troch meidat de Vesuvius útbruts. De stêd Napels rekke dêrtroch folslein fernield. It jild dat foar de Spullen ornearre wie, moast doe brûkt wurde om Napels wer op te bouwen. Sadwaande waarden de Spullen yn Londen holden. Dêr waard yn rap it White City Stadion boud, dat njonken in Atletykbaan ek in Hurdfytspiste hie en in swimbad mei dûktoer. Ek wie de atletykbaan net 400 meter, mar 536 meter. De hurdfytspiste wie 600 meter lang. It swimbad hie in lingte fan 100 meter. Der koene sa'n 97.000 minsken yn it stadion.

Sporten

Dielnimmende lannen 200px|thumb|Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1908 22 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Londen

Keppeling om utens Offisjele hiemside Ynternasjonaal Olympysk Kommitee

1908 Kategory:Barren yn 1908 Kategory:Skiednis fan Londen Kategory:Sportevenemint yn Ingelân