thumb|250px|Lytse Sûnda-eilannen thumb|250px
De Lytse Sûnda-eilannen (of Nusa Tenggara) is in eilannegroep yn Súdeast-Aazje. Mei de Grutte Sûnda-eilannen foarmje sy de Sûnda-eilannen. De eilannekloft is ûnderdiel fan de Sûndabôge en meast fan fulkanyske oarsprong.
De eilannen lizze eastlik fan Java en omfiemje de Yndonezyske provinsjes Bali, West-Nusa Tenggara en East-Nusa Tenggara en dêrneis de ûnôfhinklike steat East-Timor. Der wenje likernôch 12 miljoen minsken op in oerflak fan 87.700 km².
De neikommende eilannen binne part fan de Lytse Sûnda-eilannen:
Adonara Alor Bali Barat Daya-eilannen Besar Dana Ende Floares Halura Hauli Komba Komodo Lombok Gili Motang Mules Ndao Palu Pamana Besar Raijua Rinca Roti Savoe Semau Seraya Solorarsjipel: Adonara, Lomblen, Solor Sûmba Sûmbawa Sukun Tanimbar-eilannen Timor
Taal Yn de Lytse Sûnda-eilannen wurde sa'n 70 talen sprutsen. De foarneamste talen nei oerflak fan it taalgebiet binne it Sasak (op Lombok), it Sûmbawareesk (op Sûmbawa), it Kamberaask (op Sûmba) en it Uab Meto (op Timor).
Kategory:Eilân yn de Yndyske Oseaan Kategory:Eilân yn Yndoneezje Kategory:Geografy fan East-Timor