De Olympyske Simmerspullen 1968 ek wol de XIXe Olympiade neamd waarden yn 1968 yn Meksiko-stêd, Meksiko hâlden.
Medaljespegel 1 Feriene Steaten 4528341072 Sowjetuny 293230913 Japan 1177254 Hongarije 101012325 East-Dútslân 997256 Frankryk 735157 Tsjechoslowakije 724138 West-Dútslân 51110269 Austraalje 5751710 Grut-Brittanje 55313
Protesten 1968 wie it jier fan de studintenrevolúsje, en dat wie ek it gefal yn Meksiko. Foar it begjin fan de Spullen hiene der yn Meksiko studintenopstannen plak fûn, om op dy manier wrâldwide oandacht te krijen foar it repressive klimaat yn Meksiko. De regearing sloech dy opstannen mei hurde hân del, wat ûnder oare laat hat ta it Bloedbad fan Tlatelolco. Fierder wie der noch in oar probleem dat de Spullen fersteurde. De swarte Amerikaanske atleten brochten yn it Olympysk doarp in protestbeweging op gong tsjin de rassediskriminaasje dêr't sy yn har lân it slachtoffer fan waarden. Se hiene allegear in ynsynje op 'e klean dêr't 'Olympic Project for Human Rights' op stie. In dêroan relatearre ynsidint fûn plak tûnder de medaljeseremoanje fan de 200 meter. Tommie Smith en John Carlos, respektivelik earste en tredde op dy ôfstân, stutsen ûnder it folksliet in fûst mei in mof yn 'e loft wylst se mei de holle nei ûnderen stiene: 'Black Power' op de Spullen. Dat foarfal waard it twatal net in tank ôfnommen en se waarden út it Olympysk doarp setten.
Sporten
Dielnimmende lannen 200px|thumb|Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1968 112 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Meksiko.
Sjoch ek Paralympyske Simmerspullen 1968
Keppeling om utens Offisjele hiemside Ynternasjonaal Olympysk Kommitee
1968 Kategory:Meksiko-Stêd Kategory:Barren yn 1968 Kategory:Skiednis fan Meksiko Kategory:Sportevenemint yn Meksiko