Maite Gonzalez Esnal (Donostia, 12 septimber 1943) is in Spaansk-Baskyske skriuwster en oersetter dy't yn it Baskysk skriuwt.

Maite González studearre Filosofy en Letterkunde oan de Autonome Universiteit Barcelona. Hja koördinearret ferskate lêsworkshops yn Hondarribia en Irun.

Har berneboek Mari-Marietta waard yn 1996 nominearre as bêste Baskyske berneboek foar de Spaanske jeugdliteratuerpriis en einige op it twadde plak. Albertina Soepboer sette Mari-Marietta út it Spaansk nei it Frysk oer.

Maite Gonzalez Esnal sette wurk fan Mercè Rodoreda, Marguerite Yourcenar en Eugénio de Andrade oer nei it Baskysk.

Gonzalez Esnal wennet fan 1999 ôf mei har partner Josse de Haan (1941-2020) yn it doarp Hendaye, yn Frânsk Baskenlân.

Wurk Kar-út: Bertan Ikusia - (ferhalen en sjongpoëzy fan de Bertsolari’s, 1984) Mari-Marietta - (berneboek 1995; útj. Alberdania yn Irun) Lapitz baten ibilerak (De reis fan it potlead - berneboek 1997; útj. Erein) Maiderren taupada-bilduma (2002, Alberdania) Viajes, frutas, barrios, 2014

Keppeling om utens Maite Gonzalez Esnal, foto en bibliografy

Kategory:Spaansk berneboekeskriuwer Kategory:Spaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Spaansk dichter Kategory:Spaansk oersetter Kategory:Skriuwer yn it Baskysk Kategory:Baskysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1943