Sittende Bolle (Lakota: Tȟatȟáŋka Íyotake, útspr.: [tˣa'tˣã:ka i:jo'take]; Ingelske oersetting: Sitting Bull; oan 'e Grand River (Súd-Dakota), ±1831 – dêre, 15 desimber 1890), wie yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e Sû (Sioux), in Yndiaansk folk yn it midnoarden fan 'e Feriene Steaten. Yn 1876 stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, Sjajinne- en Arapaho-krigers dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er dêr troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei Kanada ta. Nei't er him yn 1881 oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon Buffalo Bill, en gied er dêrmei op toernee troch Amearika. Yn 1890, doe't de nije religy fan 'e geastedûns ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't dêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.
Jonkheid Ornaris wurdt steld dat Sittende Bolle om 1831 hinne berne waard oan 'e Grand River, yn it Dakota-territorium, al hold syn oerpaksizzer yn 2007 op grûn fan mûnlinge oerlevering út dat er oan 'e rivier de Yellowstone berne waard, justjes besuden it hjoeddeiske Miles City, yn 'e steat Montana. Syn heit wie Springende Bolle en syn mem hiet fan Har-Hillige-Doar. Nei de Lakota-tradysje krige er letter ien fan syn heite nammen taparte, Tȟatȟáŋka Íyotake, dat "Sittende Bolle" betsjut, en ferwiist nei syn heite liederskip yn in grutte slach tusken de Lakota en de Krieën. Sittende Bolle troude letter fiifris, mei Ljocht Hier, Fjouwer Kladen, Snie-op-Har, Sjoen-troch-Har-Folk en Skarlekkene Frou. Hy krige yn elts gefal twa bern, in soan, Kraaiepoat, en in dochter, Mannich Hynder. Fierders hied er noch in oannommen soan, Ien Bolle, en twa oannommen dochters, Rint Sjende en Annie Oakley. Sittende Bolle wie in lid fan 'e Hûnkpapa-stamme fan 'e Lakota. De Lakota binne ien fan 'e trije útsprantels fan 'e Sû, yn 'e mande mei de Westlike Dakota en Eastlike Dakota.
De Dakota-Oarloch fan 1862, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, wêrby't de Eastlike Dakota yn Minnesota tusken de 300 en 800 blanke kolonisten by ombrochten, wiene de Lakota sadwaande net yn behelle. De Amerikanen makken by harren represaillemaatregels lykwols gjin ûnderskie tusken Dakota en Lakota, en yn juny 1864 foelen twa brigades fan it Amerikaanske Leger (sa'n 2.200 man) ûnder generaal Alfred Sully, in Lakota-doarp oan. Yn dy Slach by Killdeer Mountain waarden de ferdigeners oanfierd troch Gal, Reade Mûtse en Sittende Bolle. Dat wie syn earste gefjocht tsjin 'e blanken. De Lakota moasten dêrby úteinlik belies jaan, mar skermutselingen holden oan oant yn augustus. Yn septimber kamen Sittende Bolle en sa'n hûndert oare Hûnkpapa in lyts selskip blanke kolonisten begelaat troch soldaten oer 't mad dêr't no Marmarth, yn Noard-Dakota, leit. Hja wiene troch in karafaan fan kapweinen efterlitten om in oer de kop sleine wein te reparearjen. Doe't er de oanfal op harren late, waard Sittende Bolle troch in soldaat yn 'e lofterheup sketten, mar rekke net al te swier ferwûne. left|thumb|250px|Sittende Bolle (jier ûnbekend).
De Oarloch fan Reade Wolk Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) late Sittende Bolle withoefolle oanfallen fan 'e Sû op Fort Berthold, Fort Stevenson en Fort Buford. Hoewol't Reade Wolk, in opperhaad fan 'e Oglala-substamme, de Lakota yn dy oarloch oanfierde, ferfolle ek Sittende Bolle der in wichtige rol yn. Stipe troch harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne) en de Noardlike Arapaho, besochten de Sû hjirby foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, in karafaanrûte nei it Westen dy't troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, in grut reservaat oan 'e Lakota taparte, dat harren hillige lân, de Black Hills, hielendal omfette.
Troch syn oanpart yn 'e Oarloch fan Reade Wolk wûn Sittende Bolle tige by tige yn prestiizje oan. Neffens histoarikus Stanley Vestal, dy't yn 1930 mei de âlderein fan 'e Hûnkpapa spriek, waard Sittende Bolle yn 1868 útroppen ta "heechste opperhaad" fan 'e Grutte Sû Naasje. Lettere skiedkundigen en etnologen ûntstride dat, mei't de Lakota-maatskippij fiersten te fersille wie om ien inkele lieder te erkennen, of foar ien inkele lieder om in protte gesach oer de fierhinne autonoom operearjende groepen en troepen te hawwen.
Tuskenspul right|thumb|200px|Sittende Bolle yn 1883, yn Pierre, yn Súd-Dakota, ûnderweis fan Fort Randall nei it Standing Rock-agintskip. De Hûnkpapa-troep fan Sittende Bolle gie oan 'e ein fan 'e 1860-er en it begjin fan 'e 1870-er jierren troch mei it dwaan fan oanfallen op forten en groepen kolonisten. Doe't de Northern Pacific Railway yn 1871 lânmjittings ferrjochtsje liet foar in spoarferbining dwers troch de noardlike Grutte Flakten hinne, ûnderfûnen se dêrby in fûleindich ferset doe't se troch it lân fan 'e Hûnkpapa moasten. In jier letter waarden de lânmjitters fannijs útstjoerd, diskear ûnder beskerming fan it Amerikaanske leger, mar Sittende Bolle en syn Hûnkpapa foelen it selskip likegoed oan, en jagen it op 'e flecht. Yn 1873 besochten de lânmjitters it jitris, no as ûnderdiel fan 'e grutte Yellowstone-ekspedysje, mar de Hûnkpapa beaen steech ferset. Troch de Bankekrisis fan 1873 rekke de Northern Pacific Railway finansjeel yn 'e nederklits, en it projekt waard doe foarearst stillein.
Lykwols, yn 1874 ûntstie der belangstelling foar de mooglikheid dat der yn 'e Black Hills goud te finen wie. Generaal George Armstrong Custer late in Ekspedysje nei de Black Hills út Fort Abraham Lincoln wei (by Bismarck, yn Noard-Dakota), dy't yn 'e heuvels op 'e sneup gie nei goud en omseach om in gaadlik plak om in fort oan te lizzen. Doe't Custer weromkaam en mei útset lûd ferkundige dat der yn 'e Black Hills yndie goud wie, lokke er dêrmei de Goudkoarts fan de Black Hills út. De spannings tusken de blanken en de Sû rûnen op doe't fan gefolgen tûzenen goudsikers har op it lân bejoegen dat ûnder it Ferdrach fan Fort Laramie oan 'e Sû taparte wie.
De Grutte Sû-Oarloch fan 1876 It Amerikaanske regear waard benammen troch ynklauwerige sakelju almar fierder ûnder druk set om 'e Black Hills iepen te lizzen foar kolonisaasje troch de blanken, en men siet yn Washington ek yn noed oer de berjochten dat de Sû, dêrta oanset troch û.o. Sittende Bolle, hieltyd faker groepen goudsikers oanfoelen en útmoarden. Yn novimber 1875 ferplichte it regear alle Sû-troepen bûten it Grutte Sû-reservaat om har binnen de grinzen dêrfan te fêstigjen, wylst it bêst wist dat lang net alle Sû har dêr wat fan oanlûke soene, en dat de Sû gjin sintraal gesach hiene dat de neilibbing fan sa'n dekreet ôftwinge koe. Per 1 jannewaris 1876 kwalifisearre it Ministearje fan Binnenlânske Saken as "fijannich" al dy Sû dy't har doe net yn it reservaat befûnen. Sadwaande stie it it Amerikaanske leger doe frij om Sittende Bolle syn Hûnkpapa en alle oare frije Lakota-troepen oan te fallen.
Sa begûn de saneamde Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Neffens histoarika Margot Liberty soe dy eins de Grutte Sjajinne-Oarloch hjitte moatten, mei't de Noardlike Sjajinnen al foar 1876 mei de Amerikanen yn steat fan oarloch ferkearden, en de Sû har eins by harren oansletten. Lykwols bestiet der gjin twifel oer dat Sittende Bolle, èk troch de Noardlike Sjajinnen en de Arapaho, as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Yndiaanske koälysje beskôge waard. Dat hie der ek mei te krijen dat hy it meast foaroansteande Lakota-opperhaad wie dat him nea yn in reservaat ûnder it gesach fan it Amerikaanske regear deljûn hie, sa't Gal fan 'e Hûnkpapa, Reade Wolk fan Oglala en Bûnte Sturt fan 'e Brulee nei 1868 wol dien hiene. Troch de hast folsleine útrûging fan 'e Amerikaanske bizon, wat in opsetlike strategy fan 'e Amerikanen wie om't hja wisten dat de Flakte-Yndianen fan dat bist ôfhinklik wiene foar harren fuortbestean, fielden de measte opperhaden dat se gjin oare kar hiene as har yn in reservaat nei wenjen te setten, sadat harren folk fan 'e blanken te iten krije soe. Sittende Bolle wegere lykwols stiiffêst om oan dizze sjantaazjepraktiken ta te jaan en libbe mei syn lytse Hûnkpapa-troep in isolearre en gauris hongerich bestean op 'e iepen flakten, wat syn faam ûnder de Yndianen fansels allinnich mar oanwaakse liet. Boppedat wied er ien fan 'e wichtichste sjamanen fan 'e Flaktestammen. Doe't yn 1875 de Noardlike Sjajinnen en de Hûnkpapa-, Oglala-, Sâns Ark- en Minnikonzjû-Lakota mei-inoar in kamp opslein hiene om dêr mienskiplik it religieuze ritueel fan 'e sinnedûns út te fieren, hie dat bliken dien doe't Sittende Bolle in iepenbiering of fizioen krige, wêrby't er útrôp "De Grutte Geast hat ús fijannen oan ús oerlevere. Wy moatte harren ferdylgje." Dat wie noch ear't dúdlik waard wa't de fijân wêze soe. left|thumb|300px|It slachfjild oan 'e Little Bighorn.
Nei't op 1 jannewaris 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek mei't it Amerikaanske leger doe de fersille Yndianetroepkes bûten de reservaten begûn oan te fallen, joegen almar mear dêrfan har by Sittende Bolle syn troep. Under harren wiene net inkeld Sû, mar ek in protte Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho. Ek út 'e reservaten kamen mear as 2.000 krigers om har by him oan te sluten. Uteinlik woeks Sittende Bolle syn doarp, oan 'e rivier de Little Bighorn, tsjin 'e ein fan 'e maityd oan ta in grutte fan nei skatting mear as 10.000 minsken. It lân koe sa'n grutte kloft folk net drage, en der waard besletten om it kamp op te spjalten yn in stikmannich lytsere groepen. Ear't se útinoar gean koene, knoffele lykwols op 25 juny 1876 it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer, tsjin it doarp oan.
Custer hie gjin idee hoe grut oft it doarp wie, mar wachte net om dat út te finen. Ynstee foel er daliks oan. In wike foartiid hie Sittende Bolle fannijs it ôfgryslike ritueel fan 'e sinnedûns ûndergien, wêrby't er dagenlang fêste en mear as hûndert stikjes fleis út syn earms opoffere hie. Yn it fizioen dat er doe krigen hie, hied er sjoen hoe't Amerikaanske soldaten deade waarden wylst se besochten en kring it kamp yn. Dêrmei hied er syn status as geastlik liedsman nochris befêstige, en yn 'e Slach oan de Little Bighorn focht er dan sels ek net mei; hy brocht de tiid yn meditaasje en gebed troch. De Lakota-, Sjajinske en Arapaho-krigers, ûnder lieding fan opperhaden as Mâl Hynder, Gal en Twa Moannen, fochten fûleindich werom doe't Custer syn oanfal kaam, fuortsterke troch it tsjin dy tiid rûnom bekende fizioen fan Sittende Bolle. Troch de grutte fan it doarp die bliken dat Custer syn soldaten slim yn 'e minderheid wiene. De soldaten waarden weromkrongen nei in stikmannich heuveltoppen yn 'e neite fan it kamp, dêr't it grutste part fan it rezjimint, dat troch Custer sels oanfierd waard, besingele rekke en oant de lêste man omkaam.
De Yndiaanske oerwinning wie lykwols mar in koart libben beskern. Mei ûnder druk fan 'e skokte publike opiny yn it Easten sette it Amerikaanske regear in grutte troepemacht yn om Sittende Bolle en syn folgelingen derûnder te krijen. It earste healjier fan 1877 krigen de Yndianen bûten de reservaten it oeral slim te lijen. De Amerikanen wiene der fral hjit op om Sittende Bolle yn 'e hannen te krijen, dy't hja seagen as de foarnaamste ferantwurdlike foar de pynlike nederlaach dy't hja lit hiene. Tsjin maaie hie de ferfolging sokke foarmen oannommen dat Sittende Bolle twongen wie om mei syn Hûnkpapa-troep beskûl te sykjen yn Kanada.