Guido Görtzen (Heerlen, 9 novimber 1970) is in eardere Nederlânske follyballer. Hy spile 425 ynterlannen foar de Nederlânske ploech. Hy die trijeris mei oan de Olympyske Spullen en wûn dêrby ien medalje.

Biografy Görtzen beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta, de ploech fersloech Itaalje doe yn de finale mei 3-2. Op dy Simmerspullen makke Görtzen syn Olympysk debút. Yn 2000 waard er by de Simmerspullen yn Sydney mei de Nederlânske ploech fiifde en fjouwer jier letter, yn 2004 wie er lid fan de ploech dat op de Simmerspullen yn Atene njoggende waard.

Yn 1997 helle er mei de Nederlânske ploech de Europeeske titel.

De kwalifikaasje foar de Simmerspullen 2008 yn Peking waard krekt mist. Yn it Olympysk kwalifikaasjetoernaoi yn Turkije waard Nederlân foar pleatsling útskeakele troch Servje. Dat wie fuortdaliks de lêste wedstriid fan Görtzen.

Neist syn wedstriden foar Oranje spile er alve jier foar Italjaanske topklups as MoMontechiari, Osaka, Modena en Perugia. Dêrnei soe hy foar in protte jild spilje foar it Russyske Iskra Volley út Odintsovo. Dêrnei kearde hy yn 2006 werom nei Nederlân en spile er foar Nesselande mei as grutte doel om by de Oranje- en Nesselande-trener Peter Blangé yn byld te kommen foar Oranje, dat him kwalifisearje woe foar Peking. Dêrneist hâlde er him lykwols ek dwaande mei in bestean as saakwaarnimmer fan ferskate spilers fan Nesselande, eat dat gjin goedkarring hie fan trener Peter Blangé. Dêrtroch moast er nei ien jier al ôfskie nimme by Nesselande. Hy soe dêrnei yn 2007 yn de Dútske Bundesliga spilje by Moerser SC, dêr't hy it fjirde plak mei helle. Dêr sleat er, nei de útskeakeling fan de Nederlânske ploech foar Peking, syn karriêre as profesjoneel follyballer ôf.

Op it stuit hat er in bedriuw yn sportmanagement dat spesialisearre is yn begelieding fan sporters.

Clubs lân club perioade VCL Geevers earder Nashua Geldrop oant 1992 VCN Capeller 1992-1995 Gabeca Pallavolo Spa 1995-1997 Panasonic Panthers 1997-2000 Pallavolo Modena 2000-2002 Perugia Volley 2002-2004 Iskra Odincowo 2004-2006 Ortec Nesselande Rotterdam 2006-2008

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Keppeling om utens Starlit, bedriuw fan Görtzen

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1970