Robert Gijsbertus (Rob) Groenhuyzen (Rotterdam, 4 maart 1941) is in eardere Nederlânsk follyballer. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen en helle dêr gjin medalje by.
Karriêre Rob Groenhuyzen hearde ta de earste Nederlânske follybalploech dat ôffurdige waard nei de Olympyske Spullen. Yn 1964 waarden by de Simmerspullen yn Tokyo judo en follybal yntrodusearre as Olympyske sport. Nederlân waard by de Simmerspullen fan 1964 achtste fan de tsien dielnimmende lannen. Yn totaal hat Rob Groenhuyzen 46 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.Ynterlannen oersjoch NeVeBo
Lettere libben Groenhuijzen wie ek polityk aktyf, sa wie hy lid fan de Reade Jeugd, in kommunistyske beweging yn Nederlân. Groenhuijzen waard yn 1977 oanhâlden yn Capelle oan de Isel yn in kelderboks dêr't wapens en oar ark foar in stedsguerilja opslein wiene Schepen onder terreur-vlag, de Telegraaf, 14 mei 2011. Groenhuijzen waard feroardiele foar polityk motivearre oanslaggen en siet dêrfoar trije jier finzen. Het 'zwarte blok' gooit het liefst frisbees; Achtergrond De gewelddadige rellen rond de G8, Vrij Nederland, 16 juni 2007.
Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers
Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk kommunist Kategory:Persoan berne yn 1941