De Alboransee is it meast westlike part fan de Middellânske See. It wetter leit tusken Spanje en Marokko. De Strjitte fan Gibraltar, dy't bewesten fan dizze see leit, ferbynt de Alboransee mei de Atlantyske Oseaan.
Der lizze ferskate lytse eilannen in dizze see, Isla de Alborán is de grutste. Ek de eilantsjes foar de Marokkaanske kust wurde troch Spanje bestjoerd. De meast wichtige havens oan de see binne : Algesiras, Malaga, Almeria, Melilla, Ceuta, Nador en Tanger.
Kategory:See yn Afrika Kategory:See yn Jeropa Kategory:Wetter yn Spanje Kategory:Wetter yn Marokko Kategory:Wetter yn Gibraltar Kategory:Rânesee fan de Middellânske See