thumb|Johannes Baarda Johannes Dirks Baarda (Ljouwert, 26 oktober 1836 - Feanwâlden, 23 juny 1903) wie in notarisklerk en skriuwer.

Baarda waard berne yn Hotel Phoenix yn Ljouwert, by syn pake en beppe, mar waard grut brocht by syn omke yn Jirnsum nei't beppe yn 1839 stoarn wie. Omke ornearre him foar it notariaat; hy is notarisklerk wurden. Earst wenne er yn Damwâld en doe yn Mitselwier. 12 maaie 1878 ferhuze er nei Feanwâlden, dêr't er op kantoar kaam by Mr. van Kleffens, en boaske oan Dieuwke Willems Kuipers fan Hantumhuzen. Hy waard in fûl drankbestrider.

Baarda skreau proaza en poëzy mei in liberaal-satiryske strekking yn tydskriften: Fryske Húsfrjeon (1858-66), Bijekoer (1859-65), Iduna (1861-64) en Swanneblommen (1860-63); en yn kranten: it wykblêd Kanton Bergum (1881) en it Friesch Volksblad (1877-78). Mei J. G. de Vries út Ikkerwâld makke er it drankbestridersjierboekje 'De Folkfrieun' (Boalsert, 1862 en Dokkum, 1864).

Hy publisearre ûnder de skûlnammen Simen Aukes en Johannes.

Wurk In profeet yn sin eigen lân, novelle - 1863 Goede voornemens, toanielstik (Amsterdam 1878) In lyts forsin, blyspul mei sang, (De Jouwer) - 1880 In fers fan Baarda is op muzyk set en komt foar yn it Ny Frysk Lieteboek (It Hearrenfean 1886).

Keppeling om utens Johannes Baarda by DBNL

Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk sosjaal aktivist Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Feanwâlden Kategory:Mitselwier Kategory:Persoan berne yn 1836 Kategory:Persoan stoarn yn 1903