thumb|Heatherton by Custo Barcelona Spring 2009 Erin Heatherton, berne as Erin Heather Bubley (Skokie, 4 maart 1989), is in Amerikaansk topmodel. Sy is ien fan de Victoria's Secret Angels.
Biografy Erin Heatherton waard grut yn Skokie, Illinois, en hat op de Niles North High School sitten. Heatherton waard ûntdutsen yn in fekânsje op South Beach Miami. In skoftke letter tekene se in kontrakt by modelleburo Marilyn Agency. Har karriêre begûn feitlik yn New York, dêr't sy har earste moadeshow die foar Diane von Fürstenberg. Dêrnei folgen shows foar oaren, sa as: Shiatzy Chen, Alberta Ferretti, Blumarine, Carolina Herrera, Derek Lam, Dolce & Gabbana, Gianfranco Ferré, Lacoste, Marc Jacobs, Michael Kors, Moschino, Oscar de la Renta, en Tommy Hilfiger.
Heatherton stiet op de Victoria's Secret-webside en is op dit stuit in Victoria's Secret Angel. Sûnt 2010 is Heatherton ek te sjen yn de SWIM katalogus fan Victoria's Secret.
Feiten lingte: 1,80m gewicht: wol hja net sizze hier: blond eagen: grien mjitten lichem: 83-62-86
Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1989