thumb|Jantsje Aberg-Terpstra mei har dochter Hendrica Anne Sigrid Jantsje Aberg-Terpstra (Noargerfeart ûnder Noarch, 9 maart 1876 – Minneapolis (Minnesota), 28 july 1941) wie in ûnderwizeresse en Frysk skriuwster. Har earste wurk publiseaare se ûnder de skûlnamme 'In Friezinne'; al har lettere wurk ûnder de namme Madzy. Nei de heldinne Madzy Dekema út De roos van Dekema fan Jacob van Lennep

Libben en wurk Jantsje Terpstra waard berne as dochter fan Jitse Jehannes Terpstra, boer en kastlein, en Hindrikje Foppes de Haan, beide fan Bakkefean. Doe't har âlden jong ferstoarnen wie sy acht jier en waard se grutbrocht troch beppe fan memmekant yn Bakkefean.

Jantsje Terpstra debutearre as skriuwster yn 1899 yn it tydskrift ‘Sljucht en rjucht’ fan Waling Dykstra, in man dy’t hja tige bewûndere, en yn it Selskipsblêd ‘Forjit my net!’’. Fan har hân ferskynden tsientallen ferhalen, fersen, reportaazjes en sy makke as earste in bernebryfkes-hoekje yn Sljucht en Rjucht. Nei 1912 hat hja net mear yn Fryske blêden publisearre. Har wurk is nea bondele.

Jantsje Terpstra hat oan de iepenbiere skoalle stien yn Midslân en fan 1901 oant 1906 op De Jouwer. Yn dy tiid reizge hja twaris nei Sweden, nei it slöjd-sintrum fan Nääs. Op dy reizen stiek hja ek yn Noard-Fryslân oan. Sy rekket yn de kunde mei de slöjdlearaar Charles Aberg. Hy waard learaar yn Kuba en yn 1906 emigrearret Madzy dêr ek hinne en sy trouwe. It pear krige ien dochter, Henderica (1908-1940) en twa soannen, Friso (1907-1944) en Rudolph (1911-1986). nl.findagrave.com/rudolph-aberg Sy hâldt it skriuwen foar ‘Sljucht en Rjucht’ oan. Al ringen ferfear de hûshâlding nei de Feriene Steaten nei Minnesota. Madzy har lêste bydrage yn Sljucht en Rjucht komt út Minneapolis wei. Har wurk is lyrysk, sjongsum en romantysk.Abe de Vries, In tûke, mar romantyske observearster yn it Frysk Deiblêd, 19 july 2016

Har man Charles stoar yn 1921Administraasje Lakewood Graveyard, Minneapolis, dat net yn 1912 sa't wol tocht waard.

Madzy hat ienris werom yn Fryslân west, by famylje en har freon Jan Jelles Hof.

Bibliografy (kar-út) De famylje I, II / Madzy, 1912 Sister Julyana / Madzy, 1912 Oan de Karaïbyske sé / Madzy, 1911 In negerbal op Kuba / Madzy, 1911 Fen Fryslân nei Kuba I,II,III,IV,V / Madzy, 1910 Hwat Kaeije op syn reis nei mei de Kaa bilibbet : for de bern / Madzy, 1909 Brief fen Minneapolis : for de bern / Madzy, 1909

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1876 Kategory:Persoan stoarn yn 1941