Himilko (Fenisysk: Chimilkât) wie in seefarder en ûntdekkingsreizger út Kartago dat doe op it hichtepunt fan syn macht wie. Oer de man is fierders neat bekend.

Himilko is de earste Kartaachske ûntdekkingsreizger dêr't fan bekend is dat er de Britske kusten, benammen Cornwall, yn de fjirde iuw foar Kristus berikt hat. Neffens boarnen út de Aldheid befear er in rûte dy't earder troch de Tartessers naam wie. Dat folk hie syn keninkryk yn de omkriten fan de Fenisyske koloanje Gades, it Cádiz yn Spanje fan no. Faaks wie er út op hannel yn tin foar it meitsjen fan brûns en op oare (edele) metalen.

Himilko syn ferslaggen binne ferlern gien, mar guon klassike skriuwer helje der wol út oan. Plinius de Alde neamt him yn syn 'Natuerlike Histoarje' en Rufus Festus Avienus jout him trije rigels yn syn Ora Maritima, in poëtysk ferslach fan de geografy yn de 4e iuw nei Kristus. Avienus, Rufius Festus and Murphy, J. P. (1977) Ora maritima: or, description of the seacoast from Brittany round to Massilia. Ares Publisher, Himilko ferhellet oer seemeunsters en oare gefaren,Avienius, V. 113-128 mar faaks die er dat om seefarrende konkurrinten te mismoedigjen. Roller, Duane W. (2006). Through the pillars of Herakles: Greco-Roman exploration of the Atlantic. Taylor & Francis, s. 27-28.

Sjoch ek Hanno de Seefarder

Kategory:Kartaachsk ûntdekkingsreizger Kategory:Kartaachsk seefarder Kategory:Persoan berne yn de 6e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 6e iuw f.Kr.