De Golf fan Amundsen is in golf fan de Kanadeeske Noardwestlike Territoaria, tusken de eilannen Banks, Victoria en it fêstelân. De Golf fan Amundsen grinzet yn it westen oan de Beaufortsee. 250px|thumb|left|In satellytfoto fan de Golf fan Amundsen.

De Golf fan Amundsen waard tusken 1903 en 1906 ferkend troch de Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen. De golf leit oan de westein fan de Noardwestlike Passaazje, in farrûte fan de Atlantyske Oseaan nei de Stille Oseaan.

De kusten fan de golf binne tinbefolke, mar der lizze in stikmannich plakken, sa as: Sachs Harbour, Ulukhaktok en Paulatuk.

Winterdeis is de see folslein beferzen. Gewoanwei ferdwynt it iis yn july, mar op guon plakken yn it úterste easten en noarden fan de golf kin it ek wol mids augustus wurde.

Kategory:Wetter yn de Noardwestlike Territoaria Kategory:Wetter yn Nûnavût Kategory:See yn Noard-Amearika Kategory:Rânesee fan de Noardlike Iissee