thumb||Henri Poincaré Jules Henri Poincaré (Nancy, 29 april 1854 - Parys, 17 july 1912) wie in Frânsk wiskundige en wittenskipsfilosoof. Poincaré wurdt faak beskreaun as de lêste fan de "universalisten", by steat om hast alle gebieten fan wiskunde te begripen en dêroan by te dragen. Boppedat wie hy mynboukundich yngenieur, wittenskiplik adviseur fan it Frânske regear, auteur fan bestsellers en hat hy wichtige stikken fan de spesjale relativiteitsteory ûntwikkele. Syn neef Raymond Poincaré wie presidint fan Frankryk yn de Earste Wrâldoarloch.

De bydragen fan Poincaré oan de wiskunde wienen fûneminteel fan aard, net allinnich oan de wiskunde, mar ek oan de wiskundige natuerkunde en oan de himelmeganika droech hy by. Yn 1911 krige hy foar syn bydragen oan de astronomy de Bruce Medal fan de Astronomical Society of the Pacific. Yn 1905 krige hy al de Matteucci Medal. Hy wie ferantwurdlik foar de formulearring fan it Poincaré-fermoeden, in ferneamd probleem út de wiskunde.

By syn ûndersyk nei it trijelichemsprobleem wie Poincaré de earste dy't in gaoatysk deterministysk systeem ûntdekte. Hy lei dêrmei in fûnemint foar de moderne gaosteory.Ian N. Stewart: Speelt God een spelletje? : de structuur van de chaos, 1991, Spectrum, Utert

Yn 1908 waard Poincaré keazen ta lid fan de Académie française.

Henri Poincaré levere in soad bydragen op ferskate gebieten fan de suvere- en tapaste wiskunde, lykas: himelmeganika, streamingslear, optika, elektrisiteit, telegrafy, kapillariteit, elastisiteit, termodynamika, potinsjaalteory, kwantumteory, relativiteitsteory en de natuerkundige kosmology.

Neist syn wittenskiplike aktiviteiten wie hy ek in popularisator fan de wis- en natuerkunde en skreau hy meardere populêrwittenskiplike boeken.

Spesifike tema's, dêr 't hy oan bydroegen hat: algebrayske topology de teory fan de analityske funksjes fan meardere komplekse fariabelen de teory van abelse funksjes algebrayske mjitkunde Poincare wie ferantwurdlik foar de formulearring fan ien fan de meast bekende problemen yn de topology, it bekende fermoeden fan Poincaré. werhellingsstelling fan Poincaré hyperboalyske mjitkunde getalteory it trijelichamsprobleem de teory fan de Diophantyske fergelikingen de theorye fan it elektromagnetisme spesjale relativiteitsteory Yn in artikel út 1894 yntrodusearre hy it konsept fan de fûnemintaalgroep. Op it mêd fan differinsjaalfergelikingen hat Poincaré in soad resultaten berikt, dy't kritysk binne foar de kwalitative teory fan differinsjaalfergelikings, bygelyks de Poincaré-sfear en de Poincaré-ôfbylding. Poincaré oer "elts leaut" yn de Normaalwet fan fouten (sjoch normale ferdieling foar in oersjoch fan dy "wet")

Kategory:Frânsk wiskundige Kategory:Frânsk natuerkundige Kategory:Frânsk astronoom Kategory:Frânsk filosoof Kategory:Frânsk soldaat Kategory:Frânsk militêr yn de Frânsk-Dútske Oarloch Kategory:Lid fan de Académie française Kategory:Persoan berne yn 1854 Kategory:Persoan stoarn yn 1912