Thomas Samuel Kuhn (Cincinnati (Ohio), 18 july 1922 – Cambridge (Massachusetts), 17 juny 1996) wie in Amerikaansk natuerkundige en wittenskipsfilosoof. Kuhn is benammen bekend troch syn boek The Structure of Scientific Revolutions (1962) dêr't hy it idee yn nei foaren bringt dat wittenskip net stadichoan evoluearret, mar troch paradigmawikselingen mei grutte halen feroaret.

Yn 1954 waard hy Guggenheim Fellow en yn 1982 krige hy de George Sarton Medal fan de History of Science Society. Dêrneist krige hy in protte earedoktoraten.

Kategory:Amerikaansk filosoof Kategory:Amerikaansk natuerkundige Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1996