De Golf fan Akaba (Arabysk: خليج العقبة), ek wol Golf van Eilat (Hebriuwsk: מפרץ אילת, Mifratz Eilat ) is in see-earm fan de Reade See. De lannen Egypte, Israel, Jordaanje en Saûdi-Araabje grinzje oan de golf.
De Golf fan Akaba leit tusken it Sinaïskiereilân yn it westen en it Arabysk skiereilân yn it easten. Yn de Golf fan Akaba lizze in stikmannich eilannen, ûnder oaren yn it noarden it Koraaleilân en yn it suden it eilân Tiran.
Akaba en Eilat binne de grutste plakken yn dit gebiet.
Plakken oan de Golf fan Akaba De folgjende plakken lizze oan de Golf fan Akaba: Saûdy-Araabje Haql Al Humaydah Maqna Ash Shaykh Humayd Jordaanje Akaba - 108.000 ynwenners (2009) Israel Eilat - 45.000 ynwenners (2009) Egypte Dahab Nuweiba Ras al Burka Taba en Taba Heights Sharm el-Sheikh
Kategory:See yn Aazje Kategory:Baai yn Egypte Kategory:Baai yn Israel Kategory:Baai yn Saûdy-Araabje Kategory:Wetter yn Jordaanje Kategory:Rânesee fan de Yndyske Oseaan Kategory:Baai fan de Yndyske Oseaan Kategory:Reade See Kategory:Sinaï (skiereilân)