Foarfallen 1900 - De Britske Labourpartij wurdt oprjochte. 1932 - James Chadwick ferifiearret eksperiminteel it bestean fan it neutron, dat hy al earder fermoede. 1933 - Yn Berlyn wurdt it gebou fan de Ryksdei yn 'e brân stutsen. 1940 - Untdekking fan 14C, Koalstof C-14 1971 - De earste abortusklinyk fan Nederlân (it Mildredhûs yn Arnhim) start mei it útfieren fan abortus provocatus. 1973 - De Besetting fan Wounded Knee begjint, wêrby't likernôch 200 wapene aktivisten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging it plakje Wounded Knee (Súd-Dakota) besette út prostest tsjin 'e wegering fan it Amerikaanske regear om him oan 'e histoaryske ferdraggen mei de Yndiaanske folken te hâlden. 1994 - Sluting fan de Olympyske Winterspullen yn Lillehammer.

Berne 1622 - Carel Fabritius, Nederlânsk keunstskilder († 1654) 1807 - Henry Wadsworth Longfellow, Amerikaansk dichter († 1882) 1831 - Nikolaj Ge, Russysk keunstskilder († 1894) 1858 - Siebe ten Cate, Frysk keunstskilder († 1908) 1861 - Rudolf Steiner, Eastenryksk antroposoof, skriuwer en filosoof († 1925) 1902 - John Steinbeck, Amerikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner († 1968) 1905 - Thys Polstra, Frysk toanielskriuwer († 1993) 1926 - Klaas de Jong Ozn., Frysk politikus en bestjoerder († 2011) 1939 - Kenzō Takada - Japansk stilist († 2020) 1953 - Wim en Hans Anker, Fryske abbekaten (twilling) 1957 - Adrian Smith, Ingelsk gitarist 1973 - Chris Wassenaar, Frysk keatser 1974 - Hiroyasu Shimizu, Japansk reedrider 1984 - Havana en Savana Ginger, Amerikaanske pornoaktrises (twilling) 1994 - Frerik de Swetser, Frysk sjonger

Ferstoarn 364 - keizer Flavius Jovianus fan it Romeinske Ryk (* 331) 1533 - Lou fan Doeijinga, Frysk politikus (* 14??) 1822 - Adolphus Ypey, Frysk botanikus, dokter en filosoof (* 1749) 1867 - Joast Hiddes Halbertsma, Frysk skriuwer en predikant (* 1789) 1872 - Cornelis Bernardus Buijs, Nederlânsk keunstskilder (* 1808) 1899 - Arnoldus Johannes Andreae, Frysk notaris en skiedkundige (* 1845) 1917 - John Wallace Crawford, Amerikaansk ferkenner, artyst en aventoersman (* 1847) 1936 - Ivan Pavlov, Russysk psycholooch (* 1849) 1963 - Sikke Bruinsma, Frysk sportsjitter (* 1889) 1976 - Lieuwe Brolsma, Frysk skriuwer (* 1912) 1983 - Willem Glashouwer, Frysk bestjoerder (* 1913) 1989 - Konrad Lorenz, Eastenryksk soölooch, ornitolooch en Nobelpriiswinner (* 1903) 1989 - Bas Paauwe, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener (* 1911) 1990 - Johannes Draaijer, Frysk hurdfytser (* 1963) 1993 - Lillian Gish, Amerikaansk aktrise (* 1893) 1993 - José Álvarez de Bohórquez, Spaansk hynstesporter (* 1895) 2008 - Iwan Rebroff, Dútsk sjonger (* 1931) 2009 - Gerriet Postma, Frysk keunstskilder (* 1932) 2015 - Boris Nemtsov, Russsysk politikus en opposysjelieder (* 1959) 2021 - Wiebe Kort, Frysk hurdsiler en reedrydtrainer (* 1944)

Kategory:Datum 27