Foarfallen 1796 - Yn De Haach komt de earste demokratysk keazen Nederlânske folksfertsjintwurdiging gear. 1872 - It Amerikaanske Kongres en presidint Ulysses S. Grant rjochtsje it Nasjonaal Park Yellowstone op, it earste nasjonaal park fan 'e wrâld. 1876 - De Amerikaanske brigadegeneraal George Crook begjint yn noardlik Wyoming en súdlik Montana yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch de Bighorn-ekspedysje. 1950 - Tsjang Kai Tsjek ropt op Taiwan de Republyk Sina út. 1970 - Atsje Keulen-Deelstra wurdt yn West Allis wrâldkampioen reedriden oer-alles. 1983 - De sint wurdt ôfskaft yn Nederlân. It muntsje wurdt amper brûkt en is te djoer: 1 sint meitsje kostet 3 sint. 1992 - Bosnje-Hertsegovina ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Joegoslaavje. 1994 - Yn Grut-Brittanje komt oan it ljocht dat de beroemde foto fan it monster fan Loch Ness út 1934 in ferfalsking is.
Berne 1101 - kening Steffen II fan Hongarije († 1131) 1754 - Arjen Roelofs, Frysk boer en astronoom († 1828) 1809 - Jan Pieter Heije, Nederlânsk dokter, dichter en muzikant († 1876) 1846 - Emil Pfeiffer, Dútsk ynternist en bernedokter († 1921) 1915 - Tetman de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer († 1988) 1915 - Jarich de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer († 1965) 1922 - Yitzhak Rabin, premier fan Israel († 1995) 1938 - Aart Staartjes, Nederlânsk akteur en presintator († 2020) 1938 - Wim Cornelis, Nederlânsk sportbestjoerder († 2022) 1949 - Sido Martens, Frysk muzikant 1947 - Alan Thicke, Kanadeesk akteur en presintator († 2016) 1954 - Catherine Bach, Amerikaansk aktrise 1954 - Monika Pflug, Dútsk reedrydster 1955 - Denis Mukwege, Kongoleesk gynekolooch en Nobelpriiswinner 1964 - Paul Le Guen, Bretonsk fuotballer 1968 - Dorian Vallejo, Amerikaansk yllustrator en boekbânûntwerper 1970 - Hala Gorani, Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster 1990 - Ruri Saijo, Japansk pornoaktrise 1994 - Justin Bieber, Kanadeesk sjonger
Ferstoarn 1599 - greve Edzard II fan East-Fryslân (* 1532) 1865 - Anna Paulowna fan Ruslân, keninginne-gemalinne fan Nederlân (* 1795) 1875 - Henry Kellett, Iersk-Britsk marine-ofsier en ûntdekkingsreizger (* 1806) 1893 - Swarte Moanne (Black Moon), opperhaad fan 'e Lakota (* 1821) 1895 - Pauline Musters, Nederlânsk rekôrhâlder (lytste persoan ea) (* 1876) 1911 - J.H. van 't Hoff, Nederlânsk natuer- en skiekundige en Nobelpriiswinner (* 1852) 1947 - Thijs Rinsema, Frysk skuonmakker en keunstner (* 1877) 1977 - Hubert Ate Westerhuis, Frysk keatser (* 1900) 1981 - Martyn Lloyd-Jones, Welsk publisist (* 1899) 1987 - John Fernhout, Nederlânsk filmer en fotograaf (* 1913) 1994 - Henri Willem Karel Huyssen van Kattendijke, Nederlânsk politikus (* 1919) 1999 - Enneüs Heerma, Frysk politikus (* 1944) 2006 - Reidar Liaklev, Noarsk reedrider (* 1917) 2009 - Ken Henry, Amerikaansk reedrider (* 1929) 2020 - Ernesto Cardenal, Nikaragûaansk dichter, preester en politikus (* 1925) 2024 - Iris Apfel, Amerikaansk ûntwerpster (* 1921)
Kategory:Datum 01