thumb|Steve Jobs Steven Paul "Steve" Jobs (San Fransisko, 24 febrewaris 1955 – Palo Alto, 5 oktober 2011) wie mei-oprjochter en topman fan Apple Inc. (earder Apple Computers) en hearde ta de Ried fan Bestjoer fan Pixar Animation Studios (Hy wie earder CEO fan Pixar oant The Walt Disney Company dizze studio yn 2006 oernaam). Hoewol't hy in symboalysk salaris fan $1 it jier fertsjinnet, is hy mei oandieleynkomsten fan $646,6 miljoen (2006) de bêstbetelle direkteur yn de Feriene Steaten.

Jobs wurdt beskôge as pionier fan de kompjûteryndustry. Neidat hy by Xerox op it Palo Alto Research Center (PARC) in demonstraasje seach fan de grafyske brûkersomjouwing mei finsters en mûs, naam hy dizze ynterface op yn de Apple Lisa, dy't tige djoer wie en min ferkocht en al gau opfolge waard troch de Macintosh. Hy wie fierder ek de driuwende krêft efter de ûntwikkeling fan Mac OS X.

Keppeling om utens Bloomberg Game Changers: Steve Jobs 'Biografy fan Steve Jobs'

Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk ynformatikus Kategory:Softwareûntwikkelder Kategory:Amerikaansk útfiner Kategory:Ynternetpionier Kategory:Amerikaansk persoan fan Syrysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Switserdútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 2011