It Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen wie in ferbûn fan ferskillende mienskippen en haadlingen út 1430. It bûn stie ûnder lieding fan de haadlingefamylje Sirksena en fersette him tsjin de tanimmende ûnderdrukking en de hieltyd hegere belestings ûnder it bewâld fan Fokko Ukena.

Oanrin Nei de Slach op de Wylde Ikers tsjin Okko II tom Brok wie Fokko Ukena hearsker wurden oer East-Fryslân. Ukena besocht syn posysje te fersterkjen mar de troch him hieltyd heger opleine belestings makken syn posysje lykwols swakker. De befolking, dy’t him ûnder Ukena frijfochten hie fan Okko II tom Brok, wie slim teloarsteld troch dizze nije ûnderdrukking. De ferskillende haadlingen hienen har ek fan Okko II tom Brok losmakke omdat dy gjin rjocht die oan de Fryske Frijheid.

Sa ûntstie om 1430 hinne in opstân yn it Brookmerlân (hjoeddeiske skriuwwize) mei stipe fan de famylje tom Brok. Nei in mislearre oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by Bremen wreide de opstân him út. Nei de ferovering fan Oldersum en Auwerk ferienigen ferskillende Eastfryske kriten en haadlingen har op 14 novimber 1430 ûnder lieding fan Edzard Sirksena út Greetsiel yn it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen.Kollegium der ostfriesischen Landschaft (Hrsg.): Res Frisicae. Beiträge zur ostfriesischen Verfassungs-, Sozial- und Kulturgeschichte. Harm Wiemann zu seinem 75. Geburtstag am 24. Mai 1978. Auwerk 1978 (Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands, 59). side 44.

Utwurking thumb|Opgravings nei it eardere Fockenburg (2017) De leden fan it frijheidsbûn foelen mei-inoar it kastiel fan Ukena, de Fockenburg, yn Lier oan en ferwoastgen it. Doe’t de oanfal net mear te hâlden wie flechte Fokko Ukena nei Emden. De haadlingefamylje Sirksena wie dêrtroch sa machtich wurden dat se yn 1433 op eigen manneboet in ferbûn sleaten mei de stêd Hamburch. Hamburch hie al langer lêst fan piraten dy’t taholden yn East-Fryslân en woe dêrom wol in sterke Eastfryske bûnsmaat hawwe. De lêste stipe fan Fokko Ukena waard yn 1433 troch it Frijheidsbûn yn de Slach by Bargeboer ferslein. It Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen wie de grûnslach foar de hearskappij fan de Sirksena’s dy’t yn de iuwen dêrnei beskiedend wie foar East-Fryslân.

Kategory:Skiednis fan East-Fryslân