Pablo Neruda (Parral, 12 july 1904 – Santiago, 23 septimber 1973) is de skûlnamme fan 'e Sileenske dichter, skriuwer, diplomaat, politikus en kommunist Ricardo Eliécer Neftalí Reyes Basoalto, dy't him allegeduerigen en op alle mooglike manearen, ek fia syn poëzij, fersette tsjin 'e opmars fan it faksisme yn syn lân. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e meast ynfloedrike Spaansktalige dichters fan 'e tweintichste iuw. Yn 1971 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.

Skûlnamme Pablo Neruda basearre syn pseudonym op 'e namme fan 'e troch him bewûndere Tsjechyske dichter Jan Neruda (1834-1891). It út 'e wei gean fan spul mei syn folk soe hjirby in rol spile hawwe; se woene net dat hy dichter wurde soe. Pablo Neruda waard letter syn offisjele namme.

Libben Neruda waard berne yn Parral, in stêd likernôch 300 km besuden de Sileenske haadstêd Santiago, dêr't syn heit by it spoar wurke. Syn mem ferstoar koart nei syn berte. Net folle letter ferfearen Neruda en syn heit nei Temuco, dêr't syn heit troude mei Doña Trinidad Candia Malverde.

Op syn trettjinde stjoerde Neruda in stikmannich fan syn gedichten nei de lokale krante La Mañana. Syn earste gedicht hiet Entusiasmo y Perseverancia (Entûsjasme en Trochsettingsfermogen). Yn 1920 stjoerde er mear gedichten nei it literêre blêd Selva Austral, wêrby't er foar it earst it pseudonym 'Pablo Neruda' brûkte. Syn earste gedichtebondel, La Canción de la Fiesta, waard datselde jiers publisearre. Yn 1923 brocht er Crepusculario út, yn 1924 folge troch Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada, ien fan syn bekendste wurken.

left|thumb|Sark fan Malva Marina op it Goudske begraafplak oan 'e Vorstmanstrjitte, grêfrige M fan fak B, ûnder de namme Malva Marina Reijes. Mei't er net fan syn dichtwurk libje koe, moast er in oare boarne fan ynkomsten sjen te finen. Neruda waard diplomaat, en yn dy hoedanichheid wied er fan 1927 ôf konsul op Sileenske fertsjintwurdigings yn Britsk-Birma, Britsk-Seylon, Nederlânsk-Ynje (dêr't er syn earste frou kennen learde), Singapoer, Argentynje, Spanje en Meksiko.

Hy wie ûnderwilens op 6 desimber 1930 troud mei de Yndysk-Nederlânske Maria Antonia Hagenaar, mei wa't er yn 1934 in dochter krige. Dat bern, Malva Marina, litte oan hydrosefaly, oftewol in wetterholle (in ôfwiking yn 'e ôffier fan it harsensfocht). By it útbrekken fan de Spaanske Boargeroarloch, yn 1936, flechten Neruda en syn frou nei Monako, dêr't se besleaten útinoar te gean. Maria Hagenaar gie mei har dochter werom nei Nederlân, dêr't se it famke, hoede en noede fan in bernefaam, ûnderbrocht by in pleechgesin yn Gouda. Dêr ferstoar it bern op 2 maart 1943 en waard it ek begroeven. Neruda hat nea nei syn dochter omsjoen, ek net yn syn wurk. De mem, dy't yn De Haach wenne, brocht op fêste tiden jild nei Gouda foar it ûnderrhâld fan it bern. Pablo Neruda wertroude neitiid noch twaris, mar Malva Marina bleau syn iennichst bern.

Under de Spaanske Boargeroarloch wie Neruda by de republikeinske kant belutsen rekke en werom yn Sily sleat er him oan by de Kommunistyske Partij. Yn 1945 waard er keazen ta senator foar de provinsje Antofagasta en yn 1946 waard er frege om syn assistinsje te ferlienen oan 'e presidintskampanje fan Gabriel González Videla (1948-1952), fan 'e Radikale Partij. Neruda sette him o sa foar de man yn, mar doe't dy ienris presidint fan Sily wurden wie, ferrette er him en ferbea er de Kommunistyske Partij. Neruda en syn twadde frou Delia del Carril moasten ûnderdûke en waarden de folgjende trettjin moannen ferburgen by de iene nei de oare freon yn 'e hûs. Yn dy tiid skreau er ien fan syn bekendste wurken: Canto General (1950), in wiidweidich wurk oer Noard- en Súd-Amearika, dat ek yn it Nederlânsk oersetten is. Uteinlik kaam der in ein oan dit ûndergrûnske bestean doe't Neruda yn 1949 op in hynder de Lilpelapas oer de Andes oerstiek nei Argentynje, in tocht dêr't er mear as tweintich jier letter, yn syn taspraak folgjend op 'e útrikking fan syn Nobelpriis, noch op dramatyske wize oer fertelde.

Dêrnei libbe Neruda trije jier yn ballingskip, earst yn Argentynje, dêr't er mei syn trêde frou, de sjongster Matilde Urrutia, yn 'e kunde kaam, en letter yn Meksiko en Itaalje. Yn 1952 kearde er werom nei Sily. Underwilens hied er yn 1945 de Premio Nacional de Literatura de Chile ("Nasjonale Literatuerpriis fan Sily") al takend krigen, en yn 1971 waard er ûnderskaat mei de Nobelpriis foar de Literatuer.

Neruda, dy't al langer yn in sikehûs opnomd wie mei prostaatkanker, stoar dêre oan in hertoanfal yn 1973. Syn ferstjerren foel tolve dagen nei de gewelddiedige dea fan syn freon Salvador Allende, de keazen demokratyske presidint fan Sily, dy't op 11 septimber 1973 omkaam by in bloedige anty-kommunistyske en troch de Amerikaanske CIA stipe militêre kûp. De begraffenis fan 'e dichter, dêr't it near op lein wie troch generaal Augusto Pinochet en syn militêre gûnta, woeks troch it hommels ferskinen fan in mannichte fan tûzenen út ta de earste publike protestmanifestaasje tsjin 'e diktatuer.

Hjoed de dei binne Neruda syn wenten yn Santiago (La Chascona), Valparaíso (La Sebastiana) en Isla Negra iepensteld foar besikers. Syn keunstwurken en besittings wurde dêr tentoansteld.

Wurken

Publisearre by syn libben 1923: Crepusculario 1924: Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada 20px Fryske oersetting: Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop (fert. Klaas Bruinsma, 2005, Steven Sterk, útjouwer) 1926: Tentativa del Hombre Infinito 1926: Anillos 1926: El Habitante y Su Esperanza (roman) 1933: El Hondero Entusiasta 1935: Residencia en la Tierra (1925–1931) 1937: España en el Corazón 1943: Nuevo Canto de Amor a Stalingrado 1947: Tercera Residencia (1935–1945) 1950: Canto General 20px Nederlânske oersetting: Canto General (fert. Mark Braet, Willy Spillebeen en Bart Vonck, 1984, Rainbow Pocketboek 30, ISBN 9 06 76 60 302) wêrûnder: Leviathan 20px Fryske oersetting: Leviathan (fert. Klaas Bruinsma, 1983) Los Peces y el Ahogado 20px Fryske oersetting: De Fisken en de Drenkeling (fert. Klaas Bruinsma, 1983) Las Satrapías 20px Fryske oersetting: De Satrapen (fert. Klaas Bruinsma, 1975) 1952: Los Versos del Capitán 1953: Todo el Amor 1954: Las Uvas y el Viento 1954: Odas Elementales wêrûnder: Oda a la Cebolla 20px Fryske oersetting: Oade oan de Sipel (fert. Klaas Bruinsma, 1981, útjûn ûnder de folsleine titel Typoskript - Pablo Neruda: "Ode a la Cebolla"/"Oade oan de Sipel") 1955: Nuevas Odas Elementales 1957: Tercer Libro de las Odas 1958: Estravagario 1959: Navegaciones y Regresos 1959: Cien Sonetos de Amor 20px Nederlânske oersetting: Honderd Liefdessonnetten (Spaansktalige ferzje ynbegrepen; fert. Catharina Blaauwendraad, 2003, Utjouwerij Prometheus, ISBN 9 04 46 02 993) 1960: Canción de Gesta 1960: Poesías: Las Piedras de Chile 1961: Cantos Ceremoniales 1964: Memorial de Isla Negra (5 dielen) 1966: Arte de Pájaros 1967: Fulgor y Muerte de Joaquín Murieta 1967: La Barcarola 1968: Las Manos del Día 1969: Comiendo en Hungría (mei Miguel Ángel Asturias) 1969: Fin del Mundo 1969: Aún 1970: Maremoto 1970: La Espada Encendida 1970: Las Piedras del Cielo 1972: Discurso de Estocolmo 1972: Geografía Infructuosa 1972: La Rosa Separada 1973: Incitación al Nixonicidio y Alabanza de la Revolución Chilena 1973: Geografía de Pablo Neruda ?: Himno y Regreso ?: Que Despierte el Leñador ?: Tentativa del Hombre Infinito

Postúm publisearre 1973: El Mar y las Campanas 1974: 2000 1974: Elegía 1974: El Corazón Amarillo 1974: Jardín de Invierno 1974: Confieso que He Vivido (autobiografy, besoarge troch Matilde Urrutia Neruda en Miguel Otero Silva) 20px Nederlânske oersetting: Ik Beken Ik Heb Geleefd: Herinneringen (fert. Robert Lemm, 1ste printinge yn 1975 yn twa dielen by Utjouwerij De Arbeiderspers; 2de printinge by Utjouwerij Prometheus, 2002, ISBN 9 04 46 01 547) 1974: Libro de las Preguntas 1975: Cartas de Amor de Pablo Neruda 1978: Para Nacer He Nacido 1978: Cartas a Laura 1980: Poesías Escogidas 1980: El Río Invisible 1980: Neruda/Eandi, Correspondencia Durante Residencia en la Tierra 1982: El Fin del Viaje 1997: Antología Fundamental 1997: Pablo Neruda, Discursos Parlamentarios (1945-1948) 1998: Pablo Neruda, Cuadernos de Temuco 2000: Pablo Neruda, Prólogos 2004: Pablo Neruda, Epistolario viajero. (1927-1973) 2004: Pablo Neruda en O’Cruzeiro Internacional 2004: Pablo Neruda: Yo Respondo con Mi Obra: Conferencias, Discursos, Cartas, Declaraciones (1932 - 1959) 2008: Discursos (Pablo Neruda, John Maxwell Coetzee, William Faulkner, Doris Lessing, Gabriel García Márquez, Alpha Decay) 2010: Antología General

Kategory:Sileensk dichter Kategory:Sileensk polityk skriuwer Kategory:Sileensk autobiograaf Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Sileensk diplomaat Kategory:Sileensk politikus Kategory:Sileensk parlemintslid Kategory:Sileensk balling Kategory:Sileensk kommunist Kategory:Sileensk ateïst Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1973