Sofokles of Sofoklês (Aldgryksk: Σοφοκλῆς, Sophoklēs; Kolonos, 496 f.Kr. - Atene, 406 f.Kr.) wie ien fan 'e trije grutte Attyske trageedzjedichters, njonken Euripides en Aiskylos.
Biografy Hy waard berne yn 496 f.Kr. yn Kolonos (in foarstêd fan Atene), as soan fan in rike wapensmid. De jonge Sofokles krige in fersoarge opfieding, op sportyf mêd, mar ek op artistyk flak. Yn 480 krige er, as jonge fan 16, de lieding fan en trede op as stjerútfierder by in oerwinningsfeest nei de Slach by Salamis, neffens de leginde ûnder it goedkarrend each fan Aiskylos, dy't ien fan de huldigden wie, wylst op datseldichste stuit in eintsje fierder op it eilân Salamis Euripides berne waard. Sofokles droech blykber syn literêr talint oer op syn neiteam. Syn soan Iofon wie ek treurspuldichter, krekt as in oerwûne pakesizzer, Sofokles “de Jongere”, foar wa't er iepentlik in swak hie.
Yn 468 f.Kr. die Sofokles foar it earst mei oan it Feest fan Dionysus, de prestizjeuze toanielskriuwwedstryd fan 'e stêdsteat Atene, en dat wie it begjin fan in tradysje dy't 60 jier duorje soe. Yn dy lange karriêre soed er 24 kear de hhadpriis winne (yn 458 f.Kr. gie de haadpriis foar de lêste kear nei Aiskylos, en yn 455 f.Kr. waard Euripides foar de earste kear bekroane). Neffens de Suda, in tsiende-iuwske ensyklopedy, skreau Sofokles yn syn libben yn totaal 123 toanielstikken, mar dêrfan binne mar sân yn folsleinens oant yn 'e moderne tiid bewarre bleaun.
Sofokles beweegde him yn Atene yn 'e heechste fermiddens. Mei ûnder mear Herodotos (skriuwer-histoarikus), Anaksagoras (filosoof), Hippodamos (arsjitekt) en Fidias (byldhouwer) makke er diel út fan 'e artistike en yntellektuële hegerein om Perikles hinne. Hy beklaaide in stikmannich hege politike en militêre funksjes. Sa wied er yn 443/442 f.Kr. hellenotamias (ien fan 'e tsien behearders fan 'e Delysk-Attyske Bûnskas). Yn 441 f.Kr. krige er mei Perikles it oerbefel yn in militêre kampanje tsjin Samos (in "beleanning" foar syn Antigone, bewearden syn rivalen). Fierdersoan ferfolle er yn 'e perioade 425-420 f.Kr. guon religieuze funksjes: as preester fan Asklepios stelde er û.o. syn wente ta beskikking fan 'e earetsjinst, yn ôfwachting fan 'e foltôging fan it nije hillichdoam foar Asklepios. Hy komponearre ek in kultus-liet ta eare fan Asklepios. En yn 413 f.Kr., mei de bestjoerlike krisis dy't ûntstien wie nei de Ateenske nederlaach yn Sisylje waard er oansteld as próboulos mei bysûndere regearingsfolmachten.
Wurken It meastepart fan syn oeuvre kaam ta stân yn 'e sombere oarlochsjierren fan 'e Peloponnezyske Oarloch, wêrfan't de aktualiteit him wolris ynspirearre. Sa ûntstie bygelyks syn ferneamde Oidipous Tyrannos nei de pestepidemy dy’t de Ateenske befolking desimearre. Yn 407-406 f.Kr. skreau er syn alderlêste wurk, Oidipous epi Kolōnō (it stik waard pas postúm útfierd yn 401 f.Kr.). Doe't syn rivaal Euripides yn 406 f.Kr. stoar, seach men Sofokles yn 'e rou. Sels ferstoar er noch datselde jiers op 'e hege âlderdom fan 90 jier. Neffens syn biografen ferslokte er him op fatale wize, doe’t er by in banket op fersyk deklamearre út syn leaflingsstik, de Antigone. right|150px|thumb|Sofokles yn in himation. Romeinske moarmeren kopy fan in Gryksk orizjineel.
Yn folsleinens oerlevere wurken de Tebaanske Trilogy Oidipous Tyrannos (429-425 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: Kening Oidipous: Treurspil fen Sophokles (fert. jhr. mr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga, 1923) 20px Fryske oersetting: Kening Oidipoes (fert. Klaas Bruinsma, 1991) Oidipous epi Kolōnō (401 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: Oidipoes yn Kolonos (fert. Klaas Bruinsma, 1991) Antigonē (442 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: Antígoné (fert. Klaas Bruinsma, 1991) Aias (455-450 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: Aias (fert. Klaas Bruinsma, 1998) Ēlektra (413 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: Elektra (fert. Klaas Bruinsma, 1991) Philoktētēs (409 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: Filoktêtês (fert. Klaas Bruinsma, 1991) Trachiniai (foàr 442 f.Kr.) 20px Fryske oersetting: De Froulju fan Trakhis (fert. Klaas Bruinsma, 1991)
Fragmintarysk oerlevere wurken Aias Lokros (Ajaks de Lokriaan) Aias Mastigophoros (Ajaks de Swipedrager) Aigeus Aigisthos Aikhmalōtides (De Finzene Frou) Aithiopes (De Etiopiërs), of Memnon Akhaiōn Syllogos (De Gearkomsten fan de Acheeërs) Akhilleōs Erastai (Minners fan Achilles) Akrisios Aleadae (De Soannen fan Aléus) Aletes Alexandros (Aleksander) Alcmeōn Amphiaraus Amphitryōn Amycos Andromache Andromeda Antenoridai (Soannen fan Antenor) Athamas (twa ferzjes) Atreus, of Mykenaiai (De Myseners) Camicoi Cassandra Cedaliōn Cerebros Chryseis Clytemnestra Colchides Cōphoi (De Stommen) Creusa Crisis (Oardiel) Daedalus Danae Dionysiacus Dolopes Epigoni Eriphyle Eris Eumelus Euryalus Eurypylus Eurysaces Helenes Apaitesis (De Eask fan Helêna) Helenes Gamos (Helêna Har Houlik) Heraklēs Epi Tainaro (Heraklês te Tainarum) Hermione Hipponous Hybris Hydrophoroi (De Wetterdragers) Inachos Iobates Iokles Iōn Iphigenia Ixiōn Lacaenae (De Lakeenske Froulju) Laocoōn Larisaioi Lemniai (De Lemnyske Froulju) Manteis (De Profeten), of Polyidus Meleagros Minōs Momus Mousai (De Muzen) Mysoi (De Mysiërs) Nauplios Katapleon (Nauplios Syn Oankomst) Nauplios Pyrkaeus (Nauplios Syn Fjurren) Nausicaa, of Plyntriai Niobe Odysseus Acanthoplex (Odysseus Hoffene mei Toarnen) Odysseus Mainomenos (Odysseus Gek Wurden) Oeneus Oenomaus Palamedes Pandora, of Sphyrokopoi (De Hammerslaggers) Pelias Peleus Phaiakes Phaedra Philoktētēs epi Iliōn (Filoktêtês yn Troaje) Phineus (twa ferzjes) Phoenix Phrixus Phryges (De Frygiërs) Phthiōtides Poimenes (De Skepers) Polyxene Priam Procris Rhizotomoi (De Woartelsnijers) Salmoneus Sinon Sisyphus Skyrioi (De Skyriërs) Skythai (De Skyten) Syndeipnoi (De Iters) Tantalus Telephus Tereus Teukros Thamyras Theseus Thyestes Troilus Triptolemos Tympanistai (De Tromslaggers) Tyndareos Tyro Keiromene (Tyro Skeard) Tyro Anagnorizomene (Tyro Op 'en Nij Untdutsen) Xoanephoroi (De Bylddragers)
Kategory:Aldgryksk skriuwer Kategory:Aldgryksk dichter Kategory:Aldgryksk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Aldgryksk persoan út Atene Kategory:Persoan yn de Peloponnezyske Oarloch Kategory:Persoan berne yn 496 f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn 406 f.Kr.