thumb|left|100px thumb|Kaart fan Krummhörn thumb|Herfoarme tsjerke Jennelt Jennelt is in doarp yn de gemeente Krummhörn yn East-Fryslân en telt 384 ynwenners (2008).

Etymology Jennelt is wierskynlik ôflaat fan de namme Geinleth, it betsjut „oan de oare kant fan de wetterrin“

Skiednis De terp Jennelt lei oan de noardrâne fan de Sielmönker Bucht, dy't yn de rin fan de midsiuwen bedike waard. De aaifoarmige terp fan 550 m lingte leit yn súdwest-noardeastlike rjochting.

Jennelt wie it besit fan de haadlingefamylje Beninga fan Grimersum. De omlizzende hearlikheid Jennelt hearde doe oan de famylje fan Ewsum,W.J. Formsma, R. A. Luitjens-Dijkveld Stol, A. Pathuis, De Ommelander Borgen en Steenhuizen, Assen 1987, s. 53 (ISBN 90-232-2314-4) Nederlânske Wikipedia oer it laach fan Ewsum dy't it foar 1599 oan in neisiet fan de Beninga-haadlingen, Wilhelm zu Innhausen und Knyphausen, ferkochten. Oant yn de 20e iuw bleau Jennelt as Fideikommiss (guod wat allinne erfd, mar net ferkocht wurde kin) fan dit âlde Fryske skaai.Steatsargyf Aurich: Rep. 27 Herrlichkeit Jennelt. (Dep. 4.) bzw. Genealogisches Handbuch des Adels, Gräfliche Häuser A Bd. IV, Band 28 der Gesamtreihe, Limburg/Lahn 1962, sd. 216-227

It besjen wurdich Evangelysk-reformeare tsjerke, om 1300 hinne boud, mei de grêven fan de aadlike famylje Innhausen und Knyphausen Kapel fan de Evangelisch-Freikirchlichen Gemeinde Jennelt / baptisten It oargel makke troch Johann Friedrich Constabel thumb|Baptistekapel Jennelt

Persoanen Dodo Frijhear fan Innhausen en Knyphausen, bekende fjildhear út de Tritichjierrige Oarloch Dietrich Janßen-Jennelt, skilder en learaar

Kategory:Krummhörn Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen