Femke Wolthuis (Grins, 24 april 1966) is in Nederlânsk nijslêzer.
Oplieding en wurk Wolthuis studearre teaterwittenskippen yn Utert en Dublin. Dêrnei wurke sy as telefyzjeregisseur, presintator en ferslachjouwer fan ferskate programma's. Sûnt 2003 is se nijslêzer fan it 'RTL Ontbijtnieuws'. Dêrfoar presintearre se ek it nijs en oare programma's by Regio TV Utrecht.
Njonkenaktiviteiten Wolthuis is ek warber as keunstskilder en treedt op mei har kabaretgroep Typisch!. Yn 2008 en 2009 spile en song se yn de famyljemusical De bende van De Korenwolf, nei in boek fan Jacques Vriens en skreau dêr ek de lietteksten foar op muzyk van pianist/komponist Eric Bergsma. Anno 2010 sjongt se mei it ensemble Romanesca sigeunermuzyk, sjansons en jazz.
Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk nijslêzer Kategory:Nederlânsk ferslachjouwer Kategory:Nederlânsk telefyzjeregisseur Kategory:RTL Nederlân-wurknimmer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1966