thumb|250px|Monumint foar de slachtoffers yn Fort Zeelandia De Desimbermoarden is de gongbere term foar it op 8 desimber 1982Decembermoorden_mogelijk_dag_eerder, Volkskrant 5 july 2008 ombringen fan fyftjin tsjinstanners fan it militêre rezjym yn Suriname. Yn Suriname, en by de Surinamers yn Nederlân, hat dit barren djippe spoaren efterlitten. De Nederlânske regearing befrear út protest de ûntwikkelingshelp oan Suriname.
Mei yngong fan 2007 wie der in proses foar de Surinaamske kriichsried geande. Op 29 novimber 2019 waard haadfertochte Desi Bouterse by ferstek oant tweintich jier finzenisstraf feroardiele . Noch seis oare fertochten waarden ta tsien of fyftjin jier feroardiele. Tsjin net ien fan de feroardielden waard in arrestaasjebefel útfeardige. Majoar (en eks-sersjant) Roy Horb, earst in bûnsmaat fan Bouterse en twadde man fan it Militêr Gesach, kaam koart nei de moarden te ferstjerren en de lêzing dat dit om selsdeading gong stiet te besjen.‘Horb is vermoord’ Anno 2021 is de saak lykwols noch net ôfsletten. Yn maart 2021 waard bekend makke dat de Surinaamske kriichsried noch oergean wol ta de ynhâldlike behanneling fan de strafsaak tsjin haadfertochte âld-presidint Desi Bouterse nei alle beswieren fan syn advokaat fersmiten te hawwen.Surinaamse krijgsraad hervat 30 april Decembermoordenzaak tegen Bouterse
De slachtoffers John Baboeram (38), advokaat Bram Behr (31), sjoernalist Cyrill Daal (48), fakbûnslieder Kenneth Gonçalves (42), advokaat Eddy Hoost (48), advokaat André Kamperveen (58), ûndernimmer Gerard Leckie (39), psycholooch Sugrim Oemrawsingh (42), wiskundige Lesley Rahman (28), sjoernalist Soerendre Rambocus (29), militêr Harold Riedewald (49), advokaat Jiwansingh Sheombar (25), militêr Jozef Slagveer (42), sjoernalist Robby Sohansingh (37), ûndernimmer Frank Wijngaarde (43), sjoernalist (mei Nederlânske nasjonaliteit)
De fertochten Errol Alibux Dick de Bie Etienne Boerenveen Desi Bouterse Benny Brondenstein Winston Caldeira Wim Carbière Steven Dendoe Iwan Dijksteel Roy Esajas Ernst Gefferie Arthy Gorré John Hardjoprajitno Orlando Heidanus Kenneth Kempes Iwan Krolis Lucien Lewis Harvey Naarendorp John Nelom Edgar Ritfeld Ruben Rozendaal Badrissein Sital Jimmy Stolk Imro Themen Marcel Zeeuw
Literatuer - De Decembermoorden in Suriname: verslag van een ooggetuige. Mei in neiwurd fan Chin A Sen, Utjouwerij Het Wereldvenster, Bussum 1983. (ISBN 90-293-9435-8) - Willem Oltmans in gesprek met Desi Bouterse, Uitg. Jan Mets, Amsterdam 1984.(ISBN 90-70509-15-6) - De 8-december-moorden. Slagschaduw over Suriname, Utjouwerij BZZTôH, De Haach 1992. (ISBN 90-6291-762-3)
Keppeling om utens Decembermoorden.com (argyf) Freddy Derby docht 18 jiear nei dato ferslach Decembermoordendossier by de Wrâldomrop