thumb|Hans Frank Hans Michael Frank (Karlsruhe, 23 maaie 1900 - Neurenberch, 16 oktober 1946) wie in Dútske abbekaat, nazy-politikus, generaal fan de SS (SS-Obergruppenführer), en ien fan de meast grutte oarlochsmisdiedigers fan de Twadde Wrâldkriich. Efter inoar wie er lid fan de Ryksdei, ryksminister sûnder portefeuille, rykskommissaris foar lykskeakeling fan de justysje, presidint fan de ynternasjonale Rechtskammer en fan de Akademie für deutsches Recht, haad fan it boargerlik bestjoer fan Lodz, opperste bestjoerder fan de militêre gebieten West-Prusen, Posen, Lodz en Krakau en fierders gûverneur-generaal fan de besette Poalske gebieten.
Yn it Proses fan Neurenberch bekende er lang om let skuld, as ie fan mar in pear. Ha waard op 1 oktober 1946 ta de dea feroardield fanwege oarlochsmisdieden en misdieden tsjin de minsklikens. Hy waard op 16 oktober 1946 yn Neurenberch ophong.
Literatuer : Der Vater: eine Abrechnung (Nederlânske titel: Vader, ik haat je). C. Bertelsmann, München 1987, ISBN 3-570-02352-4 : Hans Frank: lebensraum and the Holocaust. Palgrave Macmillan, Houndmills / New York 2003, ISBN 1-4039-1579-2 : Hans Frank: aufstieg und Fall des NS-Juristen und Generalgouverneurs. Lang, Frankfurt am Main u.a. 1988, ISBN 3-631-40622-3
Kategory:Dútsk abbekaat Kategory:Dútsk amtner Kategory:Dútsk politikus Kategory:Politikus yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk parlemintslid Kategory:Dútsk minister Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Lid fan de SA Kategory:Lid fan de SS Kategory:Dielnimmer oan de Holokaust Kategory:Dútsk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Dútsk faksist Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1946