Oostende is in stêd oan 'e Belgyske kust yn 'e provinsje West-Flaanderen. It is de grutste stêd oan 'e kust en in wichtich toeristysk en ekonomysk sintrum. Oostende hat likernôch 72.000 ynwenners. De stêd hat teffens in see- en lofthaven.
Skiednis Midsiuwen Yn 'e iere midsiuwen wie Oostende in lyts doarp dat oan it eastlike ein (oost-einde) fan in eilân lei. Dat eilân waard oarspronklik Testerep neamd en lei tusken de Noardsee en in strânmar. Hoewol't it doarp lyts wie, krige it om 1265 hinne stedsrjochten: de ynwenners mochten in merk hâlde en in merkhal bouwe.
De wichtichste boarne fan ynkomsten wie de fiskerij. De kust fan 'e Noardsee wie troch de krêft fan it wetter frij ûnstabyl. Dêrom setten de bewenners yn 1395 útein mei de oanlis fan in nije stêd efter grutte diken, fierder fan 'e see ôf.
15e oant en mei 18e iuw De strategyske lizzing oan 'e Noardseekust hie grutte foardielen foar Oostende as haven, mar soarge ek foar swierrichheden. De stêd waard geregeld oermastere, plondere en ferwoastge troch stridende legers. De Geuzen namen de stêd yn en brûkten Oostende as bolwurk tsjin 'e Spaanske oerhearsking.
It Belis fan Oostende fan 1601 oant 1604 wie in bluodderich belis yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. De Spaanske troepen belegeren de stêd, dy't troch de Nederlanners en Ingelsken ferdigene waard. Nei mear as trije jier joech Oostende him op 20 septimber 1604 oer. De stêd wie doe foar in grut part ferneatige. thumb|left|Plattegrûn Oostende ±1740.) Nei it belis waard Oostende werboud en de stêd ûntjoech him ta in wichtige havenstêd. Yn 1722 rjochten de Eastenrykske autoriteiten de Oostendse Kompanjy op foar de hannel mei ûnder oare East-Ynje. De haven krige dêrmei in ynternasjonale betsjutting. Under diplomatike druk fan 'e Nederlanners en de Britten waard de kompanjy yn 1731 opheft.
Der wie al yn 'e 16e iuw in Joadske mienskip yn Oostende.
19e iuw Op 19 septimber 1826 ûntplofte in lokaal buskrûdmagazyn. Op syn minst 20 minsken kamen om en sa'n 200 rekken ferwûne. In hiele wyk waard ferwoastge en in grut part fan 'e stêd rekke skansearre. Nei de ramp briek ek sykte út, dêr't noch mear minsken oan stoaren. thumb|left|Oostende healwei de 19e iuw. Yn 'e 19e iuw bleau de haven fan Oostende groeien. De ferbetteringen oan de haven en de ferbiningen mei it efterlân makken de stêd better berikber. Yn 1838 waard Oostende mei Brussel ferbûn troch it spoar. Yn 1846 begûn in fearferbining mei Dover, wêrmei't Oostende in wichtige trochfierhaven nei Ingelân waard.
De Belgyske keningen Leopold I en Leopold II brochten graach harren fakânsjes yn Oostende troch. Foar de keninklike famylje en de adel waarden ferskate prestizjeuze gebouwen boud, wêrûnder de Hippodroom Wellington en de Keninklike Galerijen. Oostende ûntjoech him ta in prestizjeus baaiplak en krige de bynamme „keninginne fan 'e Belgyske kustbaaiplakken”.
Yn 1866 waard yn Oostende in gearkomste hâlden fan Spaanske liberalen en republikeinen. Dêr waard it Pakt fan Oostende taret, dat letter bydroech oan 'e Spaanske revolúsje fan 1868.
20e iuw thumb|left|Dútske marinipersoniel baait yn Oostende yn 'e Earstse Wrâldkriich. De beide wrâldoarloggen hiene grutte gefolgen foar Oostende. Yn 1914 kaam in ein oan 'e bloeitiid fan 'e Belle Époque. By de Earste Wrâldoarloch namen de Dútsers Oostende op 15 oktober 1914 yn en brûkten de stêd as basis foar ûnderseeboaten en lichte marine-ienheden. Yn april en maaie 1918 fierde de Britske Keninklike Marine twa oanfallen út om de haven te blokkearjen.
Nei de Earste Wrâldoarloch waard Oostende op 'e nij in toeristysk en ynternasjonaal sintrum. By de Olympyske Simmerspullen 1920 yn Antwerpen waarden alle sylwedstriden yn Oostende hâlden; ek de polowedstriden fûnen dêr plak.
By it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard Oostende swier bombardearre. De Dútske en letter de Alliearde bombardeminten ferwoastgen grutte parten fan 'e kust, de haven en de binnenstêd. Ek it stedhûs fan Oostende, it Kursaal, it postkantoar en de Hippodroom Wellington rekken swier skansearre of waarden ferneatige. De Dútsers fersterken de kust ek by Oostende mei de Atlantikwall. Op 8 septimber 1944 waard Oostende troch Kanadeeske troepen befrijd.
Toerisme Nei de oarloch waarden in soad skansearre histoaryske gebouwen net restaurearre, mar ôfbrutsen. Op harren plak kamen moderne appartemintegebouwen, foar in part foar de toeristyske sektor. thumb|left|Keninklike Galerijen. Oostende is bekend om syn brede kustpromenade, de Keninklike Galerijen, de pier en de brede strannen mei fyn sân. Benammen yn july en augustus komme in soad toeristen nei de stêd. In protte besikers út it binnenlân fan Belgje en út it bûtenlân komme mei de trein en geane nei it strân. thumb|260px|Atlantikwall Iepenloftmuseum. By Raversijde leit in goed bewarre part fan 'e Atlantikwall, dat iepensteld is as it Atlantikwall Iepenloftmuseum. Yn 'e omkriten fan it Vissersplein binne terrassen en lytse fiskwinkels. Simmerdeis wurde der ek merkten en muzykfestivals holden.
Ta de bekende besikersattraksjes fan Oostende hearre it Kursaal Oostende, Fort Napoleon, it stasjon fan Oostende, it sylskip Mercator, de Hippodroom Wellington en de Sint-Petrus-en-Paulustsjerke. Ek de byld fan Leopold II fan Belgje en de synagoge fan Oostende binne opfallende plakken yn 'e stêd.
Ferneamde ynwenners Entertainers Herr Seele, kartoonist, muzikant, pianostimmer Kamagurka, kartoonist Wendy Van Wanten, sjongster en presintatrise
Keunstners James Ensor, keunstskilder en grafikus Charlotte Mutsaers, skriuwster-skilder Constant Permeke, skilder Leon Spilliaert, skilder
Keppelings om utens Oostende - offisjele webside Oostende - offisjele argyfside mei , bibliografy, biografyen, histoaryske ynfo, boarnen online,...
thumb|1000px
Kategory:Plak yn West-Flaanderen Kategory:Gemeente yn West-Flaanderen