Robert Veenstra (Ljouwert, 1 septimber 1964) is in Nederlânsk âld-bestjoerder fan Frysk komôf. Veenstra wie fan 1 augustus 2010 oant 2013 foarsitter fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Hy folge destiids Yme Kuiper op.'Geskikt om klup te lieden' Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010) Dêrfoar wie er foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Ek hat Veenstra lange tiid wurksum west by Essent.

Op 28 oktober 2010 makke it Algemene Onderwijsbond bekend dat Veenstra yn de top tsien stie fan grutfertsjinners yn it ûnderwiis. Hy wie oer it jier 2009 ien fan de 60 skoalbestjoerders dy't oer de grins fan de Balkenende-noarm gienen.60 onderwijsbestuurders boven ministersloon, De Algemene Onderwijsbond (sjoen op 15 novimber 2010)

Fierder wie Robert Veenstra oant 2016 kommissaris fan de sosjale wurkfoarsjenning Caparis.Caparis-directeur mag aan het werk, commissaris stapt op, Leeuwarder Courant, 13 july 2016 (update 1 juny 2017). Rieplachte 16 desimber 2018. Nei in lang konflikt binnen de direksje stapte er dêr op. Toezicht op Caparis weer compleet, Leeuwarder Courant, 28 oktober 2016 (update 28 oktober 2016). Rieplachte 16 desimber 2018.

Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1964 Kategory:SC It Hearrenfean