thumb|right|250px|De Skotske Heechlannen De Skotske Heechlannen of it Kaledoanysk Heechlân (Ingelsk:Scottish Highlands, Skotsk-Gaelysk: A'Ghaidhealtachd, Skotsk: Hielans) is in noardlike krite yn Skotlân, in part fan Grut-Brittanje yn it Feriene Keninkryk. De kontrei komt sa'n bytsje oerien mei it riedsgebiet (council area) en de eardere regio Highland. Geografysk wurde de Heechlannen ferdield yn: de Grampian Mountains yn it súdeasten, skieden fan de Noardwestlike Heechlannen troch de Grutte Delling yn it noardwesten.

Geografy De Heechlannen binne bergich en der wenje net in protte minsken. Lânskip en kultuer ferskille mei dy fan it súdliker Skotske leechlân. De kontrei is bekend om de whisky en de doedelsekmuzyk. Oant yn de 19e iuw waard hjir noch meast Gaelic sprutsen. Oant de Slach by Culloden, yn 1746, wie it ûnrêstich yn de Heechlannen, omdat it sintraal regear net folle kontrôle hie oer de clanhaden, dy't harren suver as ûnôfhinklike hearskers beskôgen en ûnderinoar oarlochjes útfjochten.

Mids troch de Skotske Heechlannen rint de Great Glen (de Grutte Delling), in delling foarme troch gletsjers yn de iistiden. De bergen om dizze delling hinne ûntstiene troch by inoar del skowende tektoanyske platen (de Great Glenbreukline). Teffens ûntstiene sa ferskate marren (lochs), sa as it ferneamde Loch Ness.

De heechste berch fan Grut Brittanje, Ben Nevis (1343 m), leit yn it gebiet by it plak Fort William.

It grutste part fan de Heechlannen leit boppe de 900 meter en bestiet meast út ferlitten fean- en heideheechflakten.

It besjen wurdich It besjen wurdich binne: Armadale Castle, Gardens & Museum of the Isles, op Skye Cairngorm Mountain Funicular Railway Cape Wrath, yn Durness Castle Tioram Cawdor Castle Dunrobin Castle, yn Golspie Fort George Glen Orchy Glencoe Glenfinnan Loch LinnheLoch Lochy Loch Ness Moray Firth Cruises, yn Inverness Nasjonaal park Cairngorms Rannoch Moor Skibo Castle Slachflild fan Culloden Smoo Cave, yn Durness Urquhart Castle West Highland Way

Sjoch ek Heechlân (Skotlân)

Keppelings om utens The Highland Council (Comhairle na Gaidhealtachd) Ynformaasje yn it Ingelsk

Kategory:Berchtme yn Skotlân