thumb|Leelee Sobieski in 2009 Liliane Rudabet Gloria Elsveta Sobieski, (Leelee) (New York, 10 juny 1983) is in earder Amerikaansk aktrise.

Sobieski studearre Ingelsk en keunst. Sy wûn yn 1999 in YoungStar Award foar har haadrol yn Joan of Arc en in jaar letter krige sy de Young Hollywood Award yn de kategory 'Superstar of Tomorrow - Female' . Foar Joan of Arc waard se ek neamd foar in Emmy Award, in Golden Globe en in Satellite Award. Twa jier letter waard Sobieksi op 'en nij nominearre foar in Golden Globe foar de haadrol yn Uprising (2001).

Sobieski debutearre yn 1994 yn de telefyzjefilm Reunion. Nei in rige rollen yn telefyzjesearjes, makke hja har bioskoopdebút yn Jungle 2 Jungle (1997).

Privee Sobieski is de dochter fan in Frânske heit (Jean Sobieski)) en in Amerikaanske mem (Elizabeth Salomon). Sobieski sprekt neist Ingelsk ek floeiend Frânsk. Sa komt it dat sy sawol Ingelsktalige as Frânsktalige rollen spilet. Har fan hat sy te tankjen oan Poalske foarâlden. Har pake fan memmekant Robert Salomon wie kaptein yn de United States Navy. Sobieski waard grutbrocht yn in "pan-religieuze" famylje; sy hat wolris sein dat se grutsk op har joadsk komôf is.

Yn july 2009 ferloofde sy har mei Adam KimmelLeelee Sobieski is Engaged USMagazine.com, 17 july 2009. en yn desimber 2009 krigen hja in famke, Louisanna Ray Kimmel.Leelee Sobieski welcomes baby daughter It pear troude yn Itaalje yn 2010.

Filmografy (kar-út)

Branded (2012) Acts of Violence (2010) Finding Bliss (2009) Public Enemies (2009) Night Train (2009) Finding Bliss (2008) Acts of Violence (2008) Walk All Over Me (2007) 88 Minutes (2007) In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale (2007) The Elder Son (2006) The Wicker Man (2006) In a Dark Place (2006) Heavens Fall (2006) Lying (2006) Hercules (2005) Les liaisons dangereuses (2003, Frânsktalich) Idole, L' (2002, Frânsktalich) Uprising (2001) The Glass House (2001) Joy Ride (2001) My First Mister (2001) Here on Earth (2000) Eyes Wide Shut (1999) Joan of Arc (1999) Never Been Kissed (1999) A Soldier's Daughter Never Cries (1998, Frânsktalich) Deep Impact (1998) Jungle 2 Jungle (1997) Reunion (1994)

Telefyzjerigen *Sûnder gastrollen foar ien kear NYC 22 - Jennifer 'White House' Perry (2012, 13 ôfleveringen) Les liaisons dangereuses - Cécile de Volanges (2003, trije ôfleveringen - minysearje) Charlie Grace - Jenny Grace (1995-1996, njoggen ôfleveringen)

Trivia De Australyske band Primitive Whore wije in nûmer oan Sobieski, Why Leelee won't Love Me.

Keppeling om utens Hiemside Sobieski yn de IMDB

Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Switsersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1983