thumb|Warren Gamaliel Harding thumb|Hantekening fan Harding Warren Gamaliel Harding (Marion (Ohio), 2 novimber 1865 – San Francisco (Kalifornje), 2 augustus 1923) wie de 29ste Presidint fan de Feriene Steaten.
Yn 1915 waard Harding senator en yn 1920 waard er, as de Republikeinsk gadingmakker, ta 29ste presidint keazen.
Harding syn amtsperioade waard berucht troch de swiere korrupsje, en oare skandalen, dy't oant yn de heechste regearrûnten foarkaam. Dêrneist wie Harding, krekt as syn opfolger, in oertsjûge republikein dy't fan betinken wie dat de oerheid sa min mooglik yngripe moast yn de ekonomy.
Harding krige op in reis troch Amearika in oerhaal en stoar mei 57 jier yn San Francisco foardat syn earste amtsperioade ôfrûn wie. Hy waard opfolge troch syn ficepresidint Calvin Coolidge.
At er net foar de tiid stoarn wie, dan hie de Senaat in impeachment-proseduere tsjin him begûn.
Kabinetsleden ûnder Harding KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade Bysûnderheden: Charles E. Hughes Bûtenlânske Saken 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge Albert B. Fall Binnenlânske Saken 1921 - 1923 John W. Weeks Oarloch 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge Herbert Hoover Ekonomyske Saken 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge, 31e Presidint fan de FS Andrew Mellor Finânsjen 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge Harry M. Dougherty Justysje 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge Henry C. Wallace Lânbou 1921 - 1923 Idem ûnder CoolidgeHeit fan Henry A. Wallace, Ficepresidint + Minister ûnder F.D.Roosevelt Edwin Denby Marine 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge Will H. Hays Posterijen 1921 - 1922 James J. Davis Arbeid 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge + Hoover Hubert Work Posterijen 1922 - 1923 Idem ûnder Coolidge Binnenlânske Saken 1923 Harry S. New Posterijen 1923 Idem ûnder Coolidge
Fideomontaazje thumb|250px|right|Libbensrin fan Harding
Kategory:Amerikaansk federaal politikus Kategory:Lid fan de Amerikaanske Senaat Kategory:Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Republikeinske Partij Kategory:Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Republikeinske Partij) Kategory:Presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk polityk skriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1865 Kategory:Persoan stoarn yn 1923