thumb|Ferrin fan de Berezina yn Wyt-Ruslân De Berezina (ek wol Beresina) (Wyt-Russysk: Бярэзіна; Bjarezina, Russysk: Березина) is in rivier yn Wyt-Ruslân en in sydrivier fan de Dnjepr.

Oan de rivier lizze de stêden Babroejsk, Barysaw en Svetlahorsk.

Yn de skiednis It út Ruslân weromlûkend leger fan Napoleon Bonaparte ferlear sa'n 36.000 man doe't it yn novimber 1812 de Berezina oerstiek. Sûnt is "Berezina" yn it Frânsk in synonym foar katastrôfe. Karel XII fan Sweden syn leger stiek de Berezina oer op 25 juny 1708 by syn kampanje tsjin Peter de Grutte fan Ruslân yn de Grutte Noardske Kriich thumb|center|400px|Badgasten oan de Berezina

Sjoch ek Slach oan de Berezina

Kategory:Rivier yn Wyt-Ruslân