thumb|2o0px|Chester Alan Arthur thumb|Arthur's hantekening Chester Alan Arthur (Fairfield (Fermont), 5 oktober 1830 – New York City (New York), 18 novimber 1886) wie fan 1881 oant 1885 de 21e Amerikaanske presidint. Hy wie lid fan de Republikeinske partij.
Arthur waard berne as soan fan in út Ierlân emigrearre baptistepredikant. Yn 1848 studearre er ôf oan Union College yn Schenectady. Dêrnei wie er ûnder oaren warber yn it ûnderwiis. Yn de Amerikaanske Boargerkriich tsjinne er yn in logistike ienheid fan syn thússtêd New York. Hy berikte de rang fan kertiermaster-generaal. Fan 1871 oant 1878 wie er belestingûntfanger yn de haven fan New York. Yn 1881 waard er ficepresidint, neist presidint James Garfield. Garfield stoar op 19 septimber 1881 nei in moardoanslach, sadat Arthur ûnferwachte, sûnder ûnderfining op it mêd, presidint waard.
Yn Arthur syn presidintskip kamen wichtige maatskiplike herfoarmingen ta stân, sa as it útskriuwen fan iepen en earlike eksamens foar wichtige beneamingen. Hjirtroch krige Arthur as presidint in frijwat goede namme. By de Amerikaanske presidintsferkiezingen yn 1884 besocht er fergees om troch syn partij nominearre te wurden foar in twadde termyn, hoewol't er doe al wist dat er in deadlike leversykte ûnder de lea hie. Arthur stoar yn 1886 thús yn New York, dêr't er ek te hôf kaam.
Kabinetsleden ûnder Arthur KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade BYsûnderheden: James Blaine Bûtenlânske Saken 1881 Itselde ûnder Garfield + B.Harrison Samual Kirkwood Binnenlânske Saken 1881 - 1882 Itselde ûnder Garfield Robert Todd Lincoln Oarloch 1881 - 1885 Itselde ûnder Garfield William Windom Finânsjen 1881 Itselde ûnder Garfield + B.Harrison Wayne McVeagh Justysje 1881 Ek ûnder Garfield William Hunt Marine 1881 - 1882 Ek ûnder Garfield Thomas James Posterijen 1881 - 1882 Ek ûnder Garfield Frederick Frelinghuysen Bûtenlânske Saken 1881 - 1885 Charles Folger Finânsjen 1881 - 1884 Henry Teller Binnenlânske Saken 1882 - 1885 Benjamin Brewster Justysje 1882 - 1885 William Chandler Marine 1882 - 1885 Timothy Howe Posterijen 1882 - 1883 Walter Gresham Posterijen 1883 - 1884 Minister fan Bûtenlânske Saken ûnder Cleveland (2) Finânsjen 1884 Frank Hatton Posterijen 1884 - 1885 Hugh McCulloch Finânsjen 1884 - 1885 Itselde ûnder Lincoln + Johnson
Kategory:Amerikaansk federaal politikus Kategory:Presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Fise-presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Amerikaansk fise-presidintskandidaat (nominearre troch de Republikeinske Partij) Kategory:Amerikaansk abbekaat Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1830 Kategory:Persoan stoarn yn 1886