Samuel Osmond Barber II (West Chester, Pennsylvania, 9 maart 1910 - 23 jannewaris 1981, New York) wie in Amerikaansk komponist.
Hy is ien fan de meast ferneamde komponisten fan de 20e iuw. Syn Adagio foar Strikers (1936) hat in fêst plak yn it konsertrepertoire fan orkesten. Hy krige twaris de Pulitzerpriis foar muzyk, foar syn opera Vanessa (1956–57) en syn Konsert foar piano en orkest (1962). Knoxville: Summer of 1915 (1947), in stik foar sopraan en orkest, op in tekst fan James Agee, wurdt ek in protte op de planken brocht yn de hiele wrâld. Dat benei al syn komposysjes opnaam binne is ek apart foar moderne komponisten.
Barber wie gjin fernijer; syn oeuvre kin as post-romantysk beskôge wurde. Hy skept út wat de 19e iuw opsmiten hat. Wat foarm oanbelanget brûkt er faak de sonate (fral yn de symfonyen), dat bleau sa ek doe't er de uteringsmiddels fan de 40er jierren ôf útwreidet.
Wurk Kar-út Keamermuzyk 1956 Summer Music op. 31 foar blaaskwintet (fluit, hamboai, klarinet, hoarn, fagot)
Wurk foar orkest 1933 The School for Scandal Ouvertüre op. 5 1937 Sinfonie Nr. 1 op. 9 1938 Adagio for Strings op. 11 (brûkt yn û.o. The Elephant Man fan David Lynch (1980) en Platoon fan Oliver Stone (1986)) 1939 Violinconcert op. 14 1943 Sinfonie Nr. 2 op. 19 1945 Celloconcert op. 22 1947 Knoxville: Summer of 1915 op. 24 foar orkest en sopraansolo 1962 Klavierkonzert op. 38
Wurk foar blaasorkest 1937 First Essay op. 12 1943 Commando March for Band 1955 Medea's Dance of Vengeance op. 23a Music for Eleven
Keppeling om utens Biografy en list fan wurk fan Schirmer.com
Kategory:Amerikaansk komponist Kategory:Grammy-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1981