thumb|Sir Tim Berners-Lee thumb|Syn earste webtsjinner fan de wrâld Sir Tim Berners-Lee (Londen, 8 juny 1955) is de betinker en grûnlizzer fan it World Wide Web (WWW), tegearre mei syn doetiidske manager Robert Cailliau. Dat barde yn syn tiid as consultant software engineer by CERN (Conseil Européen pour la Recherche Nucléaire) yn Switserlân fan juny oant en mei desimber 1980. As direkteur fan it World Wide Web Consortium hâldt er tafersjoch op de ûntwikkeling fan webtalen en -protokollen lykas HTML, XML, CSS en HTTP. Berners-Lee skreau de earste webbrowser en de earste webserver.

Yn 1999 publisearre hy Weaving the WebTim Berners-Lee: "Weaving the Web". Webside fan de auteur oer it boek, mei linken nei ekstra materiaal en in list fan oersettings., in boek oer it ûntstean fan it Web. It waard yn it Nederlânsk oersetten as De wereld van het World Wide WebPeter Giesen: "Denker in een dotcom-cultuur" in De Volkskrant, 26 maaie 2000, bywurke op 20 jannewaris 2009.Hein van Steenis: "Tim Berners-Lee pleit voor een 'transparant' Internet", Computable.nl, 16 juny 2000."Betinker WWW woe net ryk wurde fan syn útfining" yn Automatisering Gids, 24 augustus 2000..

Berners-Lee stribbet nei it semantysk web, dat wol sizze, in wrâldwiidweb dêr't ynformaasje ynhâldlik beneamd en yndield is op in foar kompjûters te ferwurkjen wize. Hoewol't der yn de akademyske wrâld in soad omtinken foar is, is it noch net dúdlik oft it semantysk web inselde súkses wurde sil as it WWW.

Underskiedingen Berners-Lee hat foar syn wurk ferskate prizen wûn: de Japanpriis 2002 de Millennium Technology Prize 2004 in keninklike ûnderskieding: op 16 july 2004 is hy riddere troch Keninginne Elizabeth II. Hy krige doe de titel fan Knight Commander, de op ien nei heechste rang yn de Oarder fan it Britske Ryk. Op 20 oktober 2009 is him in earedoktoraat takend troch de Frije Universiteit Amsterdam, foar syn "essinsjele bydrage oan de ûntwikkeling, yntroduksje en groei fan it wrâld-wiid-web, dat yngeand ynfloed hat op it sosjale, ekonomyske, kulturele en publike libben". Itselde jier waard er earedoktor fan de Universiteit fan Luik, tegearre mei Robert Cailliau.

Kategory:Ingelsk ynformatikus Kategory:Ingelsk útfiner Kategory:Ynternetpionier Kategory:Kompjûterspesjalist Kategory:Ynternet Kategory:Persoan berne yn 1955