Fokker S.IV 275px Rol Lesfleanmasine Makker Fokker Earste flecht 1924 Tal makke 31 Brûkers Loftfeart Ofdieling (Nederlân)

De Fokker S.IV wie in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. Dizze dûbeldekker wie yn 't earstoan útrist mei in 125 hk Le Rhone Oberursel rotaasjemotor. Learling en ynstrukteur sieten efterelkoar yn dit tastel.

Yn 1924 bestelde de Loftfeart Ofdieling (LuVA) 30 eksimplaren fan dit tastel. Fan doe ôf hat it, oant 1940, tsjinst dien as standert lesfleanmasine. - Fokker, Neerlands grootste vliegtuigbouwer, Arti Alkmaar Begjin jierren 30 waard de S.IV fan de mear krêftige Armstrong Siddely 'Mongoose' stjermotor fan 130 hk. foarsjoen.Wikipedia nl: jout 150 pk, Wikipedia en: 110 hp en Jane's Encyclopedia of Aviation 1980, hâldt it op 130 hp.

Nei de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940 wykte in oantal S.IV- en S.IX-tastellen út nei Frankryk.Fokker S.IV op www.lva-40.nl Rieplachte 30 jannewaris 2010 It is net bekend wat der neitiid mei dizze tastellen bard is.

Feiten Bemanning: 2 Lingte: 8,5 m. Spanwiidte: 11 m. Gewicht: 1020 kg Motor: Armstrong Siddely Mongoose stjermotor, 130 hk Topfaasje: 150 km/o

Keppeling om utens Ofbyld fan in Fokker S.IV op ETH Zürich Bildarchiv

Kategory:Nederlânske lesfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1924