thumb|300px|Natascha McElhone yn 2009 Natascha McElhone (Londen, 14 desimber 1969) is in Ingelske teater-, film- en telefyzjeaktrise. Sy is bekend fan har rollen yn Ronin, The Truman Show (har meast súksesfolle rol) en Solaris. Ek spilet hja in haadrol yn de telefyzjerige Californication.

Biografy McElhone waard berne as Natascha Taylor yn Hampton Court, Surrey, Londen. Har âlden wienen sjoernalisten. Sy studearre ôf oan de London Academy of Music and Dramatic Art yn993.

Sy begûn yn it teäter, mei ûnder oaren rollen yn Richard III, 'De greve fante-Cristo', The Cherry Orchard en Midsummer Night's Dream. Foar telefyzje debutearre sy yn Bergerac foar de BBC yn 1991, en wie te sjen yn in ôflevering fan Absulutely Fabulous yn 1992.

Har filmdebút kaam yn 1996 mei Surviving Picasso mei Anthony Hopkins. Har bekendste rol wie dy yn de súksesfilm The Truman Show út 1998 mei Jim Carrey. Fieders hie hja haadrollen yn Ronin en yn Solaris.

Filmografy A Breed of Heroes (1994, tv), Janet Surviving Picasso (1996), Françoise Gilot The Devil's Own (1997), Megan Doherty Mrs Dalloway (1997), Young Clarissa The Truman Show (1998), Lauren/Sylvia Ronin (1998), Deirdre Love's Labour's Lost (2000), Rosaline The Contaminated Man (2002), Holly Anderson Killing Me Softly (2002), Deborah Laurel Canyon (2002), Sara FeardotCom (2002), Terry Huston City of Ghosts (2002), Sophie Solaris (2002), Rheya The Other Boleyn Girl (2003) Mary Boleyn Ladies in Lavender (2004), Olga Revelations (2005, tv-minirige), Suster Josepha Montafiore Guy X (2005), Irene Teal Big Nothing (2006), Penelope Wood The Company (2007, tv-minirige), Elizabet Californication (2007 telefyzjerige), Karen The Secret of Moonacre (2008), Loveday Heaven and Earth (2009), Dr. James Barry Castlevania: Lords of Shadow (fideospul) (2010)

Keppeling om utens McElhone by de IMDB

Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969