thumb|250px|Fokker S.11 De Fokker S.11 Instructor is in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. De fleanmasine hat in Lycoming O-435-A boksermotor mei in fermogen fan 190 hk.
Yn dit twadde nei-oarlochske ûntwerp fan Fokker sitte de ynstrukteur en de learling neist elkoar. It prototype, de PH-NBE, waard op 18 desimber 1947 troch Gerben Sonderman ynflein.Hooftman, Hugo - Fokker, Neerlands grootste vliegtuigbouwer- Arti, Alkmaar
Bysûnder oan dit tastel binne de grutte cockpit en de knikte poaten fan it lâningsgestel. Efter de sitplakken sit in bagaazjeromte, in tredde stoel of in ekstra brânstoftank fan 114 liter.Fokker Four website Rieplachte op 30 jannewaris 2010 Dizze lesfleanmasine waard brûkt troch de Keninklike Loftmacht en de Keninklike Marine. Teffens waard it ferkocht oan Israel en yn lisinsje boud yn Itaalje en Brazylje.Alting, Peter - Fokkers in uniform, driekwart eeuw militaire Fokkervliegtuigen - Rebo, Sassenheim, ISBN 90-366-0352-8 . thumb|Fokker S.12 De S. 12 wie in ferzje mei in noastsjel..Jane's Encyclopedia of Aviation, Londen 1980
Feiten Bemanning: 2 Lingte: 8,15 m. Spanwiidte: 11,0 m. Hichte: 2,40 m. Wjukoerflak: 18,5 m² Leechgewicht: 810 kg. Maksgewicht: 1.100 kg. Motor: 1 Lycoming O-435-A fan 190 hk Topfaasje: 209 km/o. Krúsfaasje: 165 km/o. Klimfaasje: 198 m/min. Fleanberik: 580 km. Tsjinstplafond: 3,850 km.
Brûkers Força Aérea Brasileira 100 tastellen yn de sechtiger jierren. Yn Brazylje hjit it tastel T-21 Fuerza Aérea Boliviana Yn de santiger jierren waarden 8 tastellen fan Brazylje oernaam. Israelyske loftmacht 41 fleanmasines fan 1951 oant 1957. Aeronautica Militare 180 fleanmasines yn lisinsje boud as Macchi M.416Garavini, Daniele. Aermacchi M.416 Rieplachte op 30 jannewaris 2010 Keninklike Loftmacht Keninklike Marine - Marine Loftfearttsjinst Paraguayaanske loftmacht 8 fan Brazilië oernommen masines fan 1972 oant 1978.
Fergelykbere fleanmasines De Havilland Canada DHC-1 Chipmunk Saab 91 Safir
Keppelings om utens Fokker S-11 fleanhânboek
Kategory:Nederlânske lesfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947 Kategory:Fokker