Jonkhear Mr. Cornelis Jacob Speelman (It Hearrenfean, 17 desimber 1817 - Ljouwert, 7 maart 1891) wie rjochtbankpresidint en steatelid.
Soan fan jonkhear Abraham Florentius Speelman en Sophia Baltina Stoop. Liet him 2 juny 1836 ynskriuwe as studint oan de hegeskoalle fan Leien. Yn 1842 studearre er ôf as Master yn de Rjochten op in proefskrift Commentatio ad Frisiae statutorum titulum XVII libri primi de successione ab intestato. Troude yn Haarlim op 21 augustus 1846 mei Elisabeth Woltera Sandrina Enschedé (Ynskedee, 20 desimber 1821 - Ljouwert, 30 jannewaris 1873.
Hy wie presidint fan de arrondissemintsrjochtbank yn Ljouwert en lid fan de Steaten fan Fryslân.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Nederlânske adel Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1817 Kategory:Persoan stoarn yn 1891