Arent Arnoldus fan Haersma (Aldegea, 1645- dêre, 1709)Mear as ien stambeammen op ynternet, wie grytman fan Smellingerlân.

Hy is de soan fan Aulus fan Haersma (1611-1669) en Catharina fan Scheltinga. Hy folge syn heit op yn meardere betrekkingen en amten. Troude op 2 oktober 1664 yn Goutum mei Aurelia fan Glinstra (* 1645 - Aldegea 1707, dochter fan Eelco en Lucia fan Bouricius). Se hienen fiif bern, dêr't Hector Livius fan Haersma (1673-1720) ien fan wie.

Neist it grytmanskip beklaaide Fan Haersma in tal oare amten. Sa wie er kommittearre fan de Admiraliteit op de Maze, lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân en kommittearre yn de Ried fan Steat. Yn 1694 die Fan Haersma ôfstân fan it amt fan grytman foar syn soan Aulus.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Smellingerlân Kategory:Persoan berne yn Aldegea (Smellingerlân) Kategory:Persoan stoarn yn Aldegea (Smellingerlân) Kategory:Persoan berne yn 1664 Kategory:Persoan stoarn yn 1709